Bloedbank Sanquin siket jonge Fryske donoaren: "Meer plasma nodig dan we inzamelen"

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Bloedbank Sanquin siket nije jonge Fryske donoaren. Foaral fan bloedplasma is grut ferlet. Dêr wurde medisinen fan makke en de fraach dêrnei is de lêste jierren bot tanaam.

Fryslân hat 18.000 bloeddonoaren en der soenen 3.000 by komme moatte fan ûnder de tritich jier. Om dat te bepalen sjocht Sanquin nei in pear saken: oft der genôch minsken yn de omkriten binne, hoefolle bloed donateurs jaan meie en nei de fraach nei bloedsellen en plasma.

"Op dit moment is er veel meer plasma nodig dan dat we inzamelen", seit Merlijn van Hasselt fan de bloedbank. De fraach nei bloedplasma komt om't der hieltyd mear pasjinten binne dy't medisinen nedich hawwe dy't fan it guod makke wurde.

Alderein entûsjaster oer donaasje

Sietze Ziengs jout al mear as fyftich jier bloed en plasma. It begûn al by syn heit en hy fynt it sels ek belangryk. "Doe't ik yn militêre tsjinst kaam koenen je by bloeddonaasje in dei frij krije en doe bin ik ek entûsjast wurden", grapt Ziengs.

Sietze Ziengs hat al mear as 300 kear bloed of plasma jûn © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

"Hjir doch ik it op frijwillige basis. Ik sjoch om my hinne dat der ferlet fan is. En net dat ik it sels no nedich haw, mar oaren wol. De fraach is der net foar neat." Ziengs jout plasma. Dêr is it measte ferlet fan en it is minder belêstigjend as bloed donearjen.

"Ik sit hjir rêstich en ik fernim niks. It docht net sear." Hy hat it yntusken al mear as trijehûndert kear dien.

Sanquin siket jonge plasmadonateurs

Van Hasselt hat wol in idee wêrom jongeren minder ree lykje om bloed of plasma te donearjen: "We zien een verschil tussen generaties. Vroeger werd vaker het stokje overgedragen van ouder op kind. We merken ook zeker na de coronapandemie dat mensen minder tijd hebben of nemen voor dit soort dingen."

"En we hebben ook het idee dat bij de jongere generatie men wel wat goeds wil doen voor de maatschappij, maar dat dat weer eindigt. Dat ze daarna weer doorgaan naar een volgend goed doel. En in geval van bloeddonatie betekent dat dus dat ze stoppen."

Oprop

Se hoopje dat in oprop wurket, want der sit in soad wurk en muoite yn om te sjen oft ien wol bloed donearje kin. "Is diegene gezond, zijn de aderen goed aan te prikken etcetera. Dus als zo iemand binnen is, willen we heel graag dat ze binnen blijven", leit Van Hasselt út.

"Het is voor ons zaak om die boodschap duidelijk over te brengen. Plasmadonors en bloeddonors redden levens." Donearje kin oant de leeftyd fan 79 jier.

Noch in soad lege stuollen by de bloedbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De 24-jierrige Esther Vos seach it ek by har heit en jout no al seis jier bloed of plasma om wat te dwaan foar de medyske wrâld. Se fynt de oprop fan Sanquin in goede saak. "Ik probeer mensen ook te motiveren in mijn omgeving. Dat is best wel lastig."

"Mensen hebben toch wel angst om bloed te geven of zijn bang voor naalden. En ze vragen zich af: kan ik nog wel bloed geven als ik middelen heb gebruikt. Terwijl dat best wel meevalt. Ik denk dat daar wel wat meer aandacht voor kan zijn."

Ziengs krijt in blomke, omdat er al fyftich jier donor is © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Neidat hy it personiel op Fryske dúmkes trakteard hat, krige Ziengs fanwege syn fyftichjierrich donorjubileum woansdei in boskje blommen.