Advys 'Hollywood aan het Wad': fierder bouwe oan in serieuze Fryske filmyndustry

© Onno Falkena

No is it momint om fierder de bouwen oan in serieuze Fryske filmyndustry. Dat stiet yn it rapport 'Hollywood aan het Wad' dat troch de noardlike filmyndustry oanbean is oan de Fryske oerheid.

"Ik moet altijd denken aan het begin van Culturele Hoofdstad toen men ook dacht: dat kan niet", seit Joris Hoebe, ien fan de inisjatyfnimmers fan it rapport út de Fryske filmyndustry. Mar neffens him kin it seker wol.

"Er is een enorme groei in de audiovisuele sector in het Noorden, ook in Fryslân. Vanuit de NPO en het Nederlands Filmfonds wordt er niks geïnvesteerd en toch laten we een groei zien", ferfolget hy.

De film 'Nynke' út 2001 fan Pieter Verhoeff © VPRO

Neffens Hoebe is dit grûn om fierder te bouwen oan in serieuze Fryske filmyndustry. "Pieter Verhoeff is met de film 'Nynke' in 2001 de laatste die financiering voor een Friese film uit het filmfonds heeft gekregen. Dat is absurd."

"Er moet een betere samenwerking komen tussen provincie, Rijk en het filmfonds", seit Hoebe. "Iedereen moet gaan inzien dat het Fries ook van hen is en dat ze erin moeten investeren. Maar we moeten ook zelf aan de bak."

Ut it ûndersyk blykt ek dat filmmakkers in grut ferlet hawwe fan in regionaal filmfûns en dat se harren noch mear profesjoneel ûntwikkelje wolle. En dat dogge je krekt troch safolle mooglik films te meitsjen.

De Ierske film 'The Quiet Girl'. © The Quiet Girl

Regionale films binne bot yn opkomst. De Ierske film 'The Quiet Girl' waard nominearre foar in Oscar en op it stuit rûlearje fjouwer Laplânske films op grutte filmfestivals. "Er worden aan de lopende band Sami films gemaakt en die worden verteld vanuit de regio", seit Hoebe.

"Dat heeft zoveel waarde voor hen als gemeenschap, want die verhalen gaan de hele wereld over en daardoor blijft zo'n cultuur levend. Dat geldt voor het Fries net zo goed." Hoebe sjocht in grutte hang nei autentisiteit. "Mensen willen zichzelf terug zien op het scherm, of het nu via Netflix is of de bioscoop."

Advys 'Hollywood aan het Wad': fierder bouwe oan in serieuze Fryske filmyndustry