Eksposysje fan eks-dakleazen yn Ljouwert: "Fiele litte hoe't ús perspektyf op de wrâld is"

© Omroep Leeuwarden, Ilona de Vries

Sân eks-dakleaze keunstners sille yn febrewaris eksposearje yn de binnenstêd fan Ljouwert. Under de namme 'Van Buiten naar Binnen' litte se harren wurk sjen yn Obe, oan it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

It inisjatyf fan de tentoanstelling komt fan Xaviere Kolk. Sy hat sels dakleas west, mar is ek keunstner. "Ik heb eigenlijk altijd al een kunstexpositie willen organiseren", fertelt Kolk. "Nu ik zelf al heel lang in de positie ben dat ik geland ben, met een gezin, leuke baan, dacht ik: goh, ik zou zo graag het kunstenaarschap van daklozen of ex-daklozen willen tonen."

Perspektyf

Neffens Kolk wurde dakleazen faak sjoen as bûtensteanders fan de mienskip, mar hawwe se wol in unike blik op 'e wrâld. "Ik denk dat als je de wereld van buitenaf hebt leren bekijken en naar binnen hebt leren kijken wat sneller de dingen relativeert. Met deze expositie willen we bezoekers laten voelen hoe ons perspectief op de wereld is."

Ien fan de dielnimmers is Erik Vonk. Hy is graffity-artyst en ken it libben op strjitte ek. Mei syn kleurrike wurk wol er besikers fan de eksposysje bemoedigje. "Bliuw posityf en gean net fierder as dyn grinzen."

Keunstrûte

De tentoanstelling yn Obe wurdt yn febrewaris iepene troch de wethâlder fan kultuer fan Ljouwert. Dan binne sawol de kreaasjes, persoanlike portretten en in dokumintêre fan en oer de keunstners te sjen. Dêrneist komt der in keunstrûte troch de binnenstêd fan Ljouwert.