Liveblog | 9 novimber 2023

112-nijs 9 novimber: Frachtwein fêst ûnder fiadukt | Jonge pakt foar bankfraude yn De Rottefalle

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 9 novimber 2023, 19:42
19:42

Frachtwein sit muorrefêst ûnder fiadukt yn Drachten

© SRFotografie

In sjauffeur is mei syn frachtwein muorrefêst komme te sitten ûnder it fiadukt oan de Knobben yn Drachten. Mooglik hat er de buorden fan de maksimale heechte oer de holle sjoen. De frachtwein koe net mear foar of efterút.

Troch it ynsidint wie der mar ien rydbaan beskikber en dit soarge oan 'e ein fan 'e middei foar in ferkearsgaos op de Knobben en de Noorderdwarsvaart.

In bergingsbedriuw is oproppen om de frachtwein ûnder it fiadukt wei te heljen.

17:26

Frou rydt mei scootmobyl sleat yn

© ProNews Producties

In frou op in scootmobyl is yn in sleat belâne oan de Kerkeweg yn De Langelille. Troch de rappe ynset fan omstanners en de helptsjinsten koe it slachtoffer al gau út it wetter helle wurde.

De plysje, ambulânse en brânwacht kamen yn aksje. De brânwacht wie oanwêzich mei ûnder oare twa dûkteams.

Nei kontrôle troch it ambulânsepersoniel die bliken dat de frou net nei it sikehûs ta hoegde. Se is mei de ambulânse nei hûs ta brocht, om dêr te bekommen fan de skrik.

De scootmobyl is troch de brânwacht út de sleat fiske. De tadracht fan it ûngelok, is net bekend.

17:05

Jonge oanhâlden foar bankhelpdeskfraude

De plysje hat juster yn De Rottefalle in jonge út Heemskerk oanhâlden fanwege bankhelpdeskfraude. De minderjierrige fertochte kaam jûns by in ynwenner fan it doarp oan de doar en die him foar as in bankmeiwurker.

Earder op 'e jûn hie er it slachtoffer al belle en bea er oan om al it kontante jild op te heljen. De jonge krige dat ek mei. Bûten soe er útnaaie, mar foel er.

It slachtoffer sette de achterfolging yn en koe de fertochte te pakken krije. De plysje hat de jonge dêrnei meinaam nei it buro.

16:55

Boete foar boer yn Bantegea

In boer út Bantegea moat better foar syn fee soargje, oars wurdt syn bedriuw in jier stillein. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald.

Kontroleurs fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit hiene oant twa kear ta konstatearre dat de boer syn saakjes net goed foar elkoar hie. In oantal kij hie gjin skjin en drûch lisplak, guon bisten rûnen achter yn de groei en der wiene tefolle kij foar te min lisplakken.

By de twadde ynspeksje waarden ek de kadavers fan fiif keallen fûn, dy't net oanmeld wiene by it destruksjebedriuw. De boer krige in boete fan 4.000 euro.

Hy sei foar de rjochter dat er deroer prakkesearret om op te hâlden, ek fanwege syn sûnens. De boer tinkt deroer om dochs yn heger berop te gean.

16:43

Oardel jier sel foar ynbraak yn studintehûs

In man út Marokko hat oardel jier sel krigen foar in ynbraak yn in studintehûs yn Ljouwert. De man wie trije wiken yllegaal yn Nederlân, doe't er begjin juny syn slach sloech, tegearre mei noch ien.

Doe't ien fan de bewenners nachts thúskaam, seach er de fertochte op syn bêd lizzen. Dy bedrige him en in pear oare studinten mei in mes.

De offisier fan justysje fûn fanwege dy driging dat de fertochte feroardiele wurde moast foar wenningoerfal, en hie twa jier sel easke. Foar wenningoerfal jilde swierdere straffen as foar ynbraak.

De rjochtbank oardiele lykwols dat it dochs om in ynbraak gie en kaam ta oardel jier sel.