Polityk stelt ûndersyk yn nei giftige sfear yn gemeenteried Smellingerlân

De gemeenteried fan Smellingerlân © Omrop Fryslân

Der komt in yntegriteitsûndersyk nei de resinte ynsidinten yn de gemeenteried fan Smellingerlân. Dat hawwe de fraksjefoarsitters tongersdeitemiddei nei bûten brocht.

It is al in pear wiken ûnrêstich yn de ried. Riedslid Dinie Mulder (Sociaal Lokaal Smallingerland) hat ferline wike oanjefte dien fan smaad en laster tsjin Tjebbe van der Meer (CDA) en Roy Postma (D66).

Neffens Mulder soene de twa ûnderdiel útmeitsje fan in geheime WhatsApp-groep, dy't guon riedsleden brûke soene om oare riedsleden te berabjen en te misledigjen.

"Geroddeld"

"In de afgelopen weken zijn er diverse berichten in de media verschenen omtrent het al dan niet bestaan van WhatsApp-groepen waarin geroddeld zou worden door raadsleden", sa stelle de fraksjefoarsitters yn in parseberjocht.

"Het presidium hecht er groot belang aan dat er helderheid wordt verschaft over deze kwesties, om het vertrouwen in de integriteit van de gemeenteraad te herstellen en toekomstige ongewenste incidenten te voorkomen."

In ekstern ûndersyksburo sil it ûndersyk útfiere. Op koarte termyn sil dúdlik wurde hokker buro dat dwaan sil en wat de krekte ûndersyksopdracht wurdt.