Dûmny Ytsje Poppinga is oerstapt op hynders yn Frankryk: "Soms kiest it libben foar dy"

Se hie neat mei Frankryk, wie mear op Noard-Europa rjochte. Dochs wennet Ytsje Poppinga, oarspronklik fan Beetstersweach, no al tolve jier yn Frankryk.
Ytsje is hikke en tein op in pleats yn Beetstersweach. Se is dus in echt Friezinne. Sy waard dûmny yn Amsterdam.
Op in stuit wie se tegearre mei har freondinne Paulien útnûge op in feest yn de Dordogne. Se hiene dêr in moaie tiid. De omjouwing spruts harren bot oan.
Freonen fan freonen hiene in hûs te keap te stean. Yn 2011 kochten Ytsje en Paulien de wente, ek mei it each op de twa jonge tekkeltsjes. De hûnen hiene sa moai de romte, folle mear as yn de grutte stêd Amsterdam.

Harren hûs yn de Dordogne brûkten se earst as fakânsjewente. Nei in jier fûnen se it net mear sa noflik om nei Amsterdam werom te gean.
Nei alles op in rychje set te hawwen, kamen se ta de konklúzje dat it mooglik wie. Se weagen de sprong om te ferhúzjen.
"Soms komt it libben nei dy ta. Dan hast net safolle te kiezen, want dan kiest it libben dy."
De earste fjouwer of fiif jier yn de Dordogne wiene se in protte fuort te fytsen, op de mountainbike. Nije freonskippen waarden sletten mei Nederlanners, Friezen en fansels ek mei in soad minsken út Frankryk sels wei.

Paulien woe graach hynders hawwe. Dat like Ytsje ek wol wat as âld-boeredochter mei altyd hynders op de pleats. Se hiene yn it ferline allebeide hynsteriden, al wie dat wol 35 en 40 jier ferlyn.
Op dit stuit hawwe se seis hynders. Yslanners is harren favorite ras. Dy binne noflik en sterk.
Limousinkij
De Dordogne stiet bekend as in streek dêr't in soad toeristen komme. Net de hiele Dordogne is toeristysk.
Ytsje wennet yn it noardlike diel, in lânbougebiet. Sa rinne der Limousinkij om. It liket wol in bytsje op Beetstersweach en omkriten, kwa natuer en bosken.

Se fiele harren echt thús yn it hûs yn de Dordogne mei 4,5 bunder lân. It lân fan de buorlju meie se brûke foar it hea. "We kenne hjir in soad minsken en we buorkje ek noch in bytsje."
"De Sweach sit yn myn hert"
Dochs is Ytsje har doarp Beetstersweach net ferjitten: "De Sweach sit yn myn hert."
Ut en troch komt se noch wolris yn Fryslân. Har heit en broer wenje noch hieltyd op De Sweach. Se hat in suster yn Froubuorren.
Werom nei Fryslân ta te wenjen is Ytsje foarearst net fan doel. "Us hûs is libbensbestindich boud. We kinne it hjir lang úthâlde."
Mocht se ea allinnich komme te stean, dan slút se net út dat se werom ferhuzet nei it heitelân.