Wetterskip 'links en rjochts yn probleemkes' troch nije ynset Woudagemaal

Noch gjin dei neidat it Woudagemaal útset is, is besletten om it wer op de starten. It is nedich, omdat der mear reinwetter fallen is as tocht waard.
It beslút om it gemaal út te setten, is op tiisdei al naam, seit boezembehearder Gerard Oosterwoud fan it wetterskip. In dei letter seach it der al nei út dat der mear reinwetter falle soe, mar dat it safolle wêze soe, hie er net trocht.
Boppedat kin der op de Lauwersmar minder wetter opnaam wurde út Fryslân as ferwachte, omdat it wetterpeil heger is as tocht waard. "No moatte we alle seilen wer by sette."
Gjin druk op de knop
It Woudagemaal by De Lemmer is it âldste stoomgemaal fan de wrâld dat noch wurket, mar foar de boezembehearder is it 'gewoan' ien fan de gemalen dy't er brûke kin om de wetterstân op peil te hâlden.
"Al brûke we it wol sa min mooglik. It kostet mear enerzjy as de oare gemalen. En it kostet ek wat mear muoite as in oar gemaal, om it oan te setten. It is gjin druk op de knop."
Monteurs en in boekhâlder
De minsken dy't it gemaal draaiend hâlde, wurkje normaalwei op oare plakken by it wetterskip. Dy organisaasje komt no 'links en rjochts yn de probleemkes' trochdat dizze minsken no 'fêst' sitte op it Woudagemaal.

"It giet benammen om minsken yn de technyske tsjinst, dy't as masinist op it gemaal ynset wurde", seit Oosterwoud. "Dat binne de monteurs, dy't normaalwei delkomme as der in steuring is."
"Mar we ha ek in boekhâlder dy't op it gemaal wurket. Dus de boekhâlding leit no ek even stil."
Spyt
De oare gemalen draaiden allegeare noch, seit Oosterwoud, allinne it Woudagemaal wie útset. "Dêr ha ik no wol in bytsje spyt fan."
It Woudagemaal bliuwt yn alle gefallen dit wykein noch oan. Wannear't it wer útset wurdt, is noch net bepaald, seit Oosterwoud. "Dat doar ik no noch net te sizzen, dat begripe jo wol."
