Hûs fan Fryske PVV'ers bekladde mei reade farve

© CAMJO Media

De poart foar it hûs fan PVV-steatelid Harrie Graansma yn Boelensloane is ôfrûne nacht bekladde. Op de wite muorre binne teksten as 'PVV weg ermee' en 'stap op' te lêzen.

Graansma hat oanjefte dien. De plysje hat der ek al by west. Op kamerabylden is neffens Graansma in persoan te sjen dy't in paraplu boppe de holle hâldt.

It is net de earste kear dat de muorre by de Graansma's bekladde wurdt. Fjouwer jier ferlyn barde dat ek alris. Doe giene de teksten oer soan Jeffrey Graansma, dy't op dit stuit riedslid yn de gemeente Achtkarspelen is.

"Sneue saak"

"It is in sneue saak", sa seit Harrie Graansma yn in reaksje. "Dit is de tredde kear al. Mar wy meitsje der net sa'n drama fan. De pot wite farve stiet noch klear."