'Eksoatyske planten en bisten foarmje grut risiko foar de Waadeilannen'

Japanske Tûzenknoop © Wikimedia Commons

De Waadeilannen moate maatregels nimme tsjin plante- en bistesoarten dy't dêr net hearre. Dy oprop docht de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit NVWA.

Yn acht jier tiid binne der sa'n 170 saneamde eksoaten bykaam op de eilannen. Neffens de NVWA foarmje se in grut risiko foar de natuer yn it Waadgebiet.

"Toen ik het advies las, schrok ik wel van de hoeveelheid soorten", seit de Skylger boskwachter Remi Hougee. "Dat betekent dat we daar nog wel een slag te slaan hebben."

De eksoaten binne planten of bisten dy't gewoanwei net yn in gebiet foarkomme, en de besteande soarten fluch oerhearskje. Dêrom soenen provinsjes en behearders fan natuergebieten mei in plan komme moatte om fersprieding tsjin te gean, seit de NVWA.

Rappe fersprieding

Hougee fernimt wol dat de natuer op it eilân feroaret. "Japanse duizendknoop, de reuzeberenklauw, dat zijn allemaal soorten die zich snel verspreiden en grote oppervlaktes in beslag nemen."

© Omrop Fryslân

Sa grut, dat oare soarten gjin plak mear ha en ferdreaun wurde. Benammen yn it kwetsbere dúngebiet is dat in gefaar, seit Hougee. "Omdat deze duingebieden niet zo veel op andere plekken voorkomen."

Wa betellet?

Punt is wol dat de bestriding dreech is. Dat hat te krijen mei hiel praktyske saken: jild, benammen. "Het zit niet in ons budget om deze grote exoten te bestrijden. Het is altijd de hamvraag: wie gaat het betalen en waarvan, dat is nog wel een zoektocht."

Dochs is der in begjin makke. Provinsje Fryslân hat jild beskikber steld om in 'yntegrale oanpak' fan it gebiet te meitsjen. Dat betsjut in soart plan fan oanpak fan de bestriding. "Dan heb je de plant nog niet weg maar je hebt wel een manier hoe je hem weg kunt krijgen op papier staan. Zodra er dan middelen beschikbaar komen, zou je die meteen kunnen inzetten."

Dy stive, ynvasive soarten binne lykwols net samar fuort. Dêr moatte spesjale buro's foar ynhierd wurde. "Gelukkig, want er zijn soorten waarvan ik ook echt niet weet hoe ik ze weg moet krijgen", seit Hougee.