Tekoart oan ferplichte nekkebannen foar iishockeyers: "Se binne net oan te slepen"

Der is in tekoart oan beskermjende nekkebannen foar iishockeyspilers. Dy wurde fan jannewaris 2024 ôf foar elkenien ferplichte, mar binne mar dreech te krijen, ek yn Fryslân. De bân moat de halsslachier fan de spilers beskermje by ûngelokken.
Oanlieding foar de strangere regeljouwing is de dea fan de Amerikaanske iishockeyspiler Adam Johnson. By in wedstriid yn it Ingelske Sheffield krige hy de reed fan in tsjinstander yn 'e nekke. Hy ferlear safolle bloed dat hy letter yn it sikehûs ferstoar. Neffens saakkundigen hie in spesjale nekkebân fan snijbestindich materiaal de slimme ferwûning foarkomme kind.
Nekkebannen wiene earder al ferplichte foar iishockeyspilers ûnder de 18 jier, mar no moatte alle spilers deroan leauwe. Amateur of professional. Dêrtroch is de fraach nei de bannen flink omheechgien. Sa fernimt ek Marcel Kramer, dy't in sportwinkel op It Hearrenfean hat: "Se wiene binnen in wike op, omdat alle iishockeyspilers ynienen sa'n bân nedich hawwe."
'Nee' ferkeapje
Kramer kin syn foarried net mear ynienen oanfolje, omdat it tekoart oer de hiele wrâld in probleem is. Ek yn oare lannen wurdt de bân ferplichte. "Oeral wurdt oan dy leveransiers lutsen en safolle kapasiteit is der net. Se besykje no de produksje op te skalen, mar dat is net samar moarn allegearre klear", seit hy.
Se freegje wannear't se de bantsjes krije kinne. Dan sis ik: net.
Mar de klok nei 1 jannewaris tikket wol troch. IIshockeyspilers besykje alfêst in nekkebân te bemachtigjen, mar dat is net altyd suksesfol. Kramer moat faak 'nee' ferkeapje, oan amateurs, mar ek profesjonele iishockeyers: "We krije ek teamoanfragen en dan freegje se wannear't se de bantsjes krije kinne. Dan sis ik: net."
Ien fan de teams dy't de bannen hawwe wol, is iishockeyklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean. Sy hawwe de beskerming besteld, mar moatte lang wachtsje foardat se se krije. Ek wurde se mar kwealik levere.
"Us leveransier hat krekt wer in pear fan in bepaald type binnenkrigen. Dus dan kin hy dy leverje. Der binne wol fiif of seis ferskillende typen en net alle nekkebannen passe by alle spilers", seit klupfoarsitter Henk Hoekstra.
Ferantwurdlikheid nimme
Ek al komme slimme ûngelokken net in soad foar yn de sport, dochs fynt Hoekstra it wichtich om de beskerming te regeljen. "We besykje it sa gau as mooglik foar inoar te krijen, want we moatte as klup ús ferantwurdlikheid dêryn nimme."