Moasje fan treurnis tsjin kolleezje nei fûl debat oer budzjetten

It kolleezje fan Deputearre Steaten © Provinsje Fryslân

De begrutting fan de provinsje is juster oannaam, mar dat gie net sûnder de nedige argewaasje. De folsleine opposysje fan de Provinsjale Steaten hat in moasje fan treurnis yntsjinne tsjin it kolleezje fan Deputearre Steaten. Se fiele har passearre by in part fan de beslútfoarming.

Der binne twa budzjetten dêr't argewaasje oer is. As earste giet it om gebietsbudzjetten, dy't yn de folksmûle ek it 'bûsjild fan de deputearren' neamd wurde. Eltse deputearre krijt ien miljoen beskikber om te ynvestearren yn har ferantwurdlik gebiet.

In mearderheid fan GrienLinks, CDA, BBB en FNP hat in moasje yntsjinne dat der earst ferantwurding ôflein wurde moat oan Provinsjale Steaten.

"De Steaten binne it ferlingstik fan de boargers fan Fryslân", seit Abel Kooistra, fraksjefoarsitter fan de BBB. "Wy woene it wat breder lûke. Sa kinne inisjativen út de Steaten, dus fan de mienskip út rapper plakhawwe yn provinsjaal belied."

Abel Kooistra fan BBB © Omrop Fryslân

Der kaam krityk op dizze potten mei jild. Sa soe der net yn it foar dúdlik wêze wêr't it jild hinne giet. Kooistra sjocht kritysk nei it earste beslút, dêr't it foech om it jild út te jaan by it kolleezje lei.

"Dat hiene wy wat better oanpakke kind. Dat is it moaie fan it debat, dat je erkenne dat it oars kin. No kinne wy der kaders oan jaan", seit er. Wol moat der noch belied komme dêr't de Steaten in klap op jaan kinne.

'Frije spylromte'

Dochs woe de BBB net meistimme mei in oanpassing fan de folsleine opposysje, om in oar budzjet fan 25 miljoen euro itselde te behanneljen. It wie in prinsipe-diskusje oer de wurden 'GS-voorwaardelijk', dy't yn de begrutting steane.

Dat betsjut dat it kolleezje it foech hat om te bepalen wat der mei dy miljoenen dien wurdt, sûnder dat der perfoarst mei de Steaten oerlein wurdt.

"Dat heart net", seit Klaas Zwart fan de PvdA, "It kolleezje is ferantwurdlik foar de útfiering. De Steaten foar de kaders en de finânsjes." Danny van der Weijde fan D66 heakket ta: "We hebben absoluut het vertrouwen in het college, maar met dit amendement behoudt Provinciale Staten hoe dan ook haar positie."

Argewaasje oer foech fan it kolleezje oer ferskate miljoenen euro's

"Wy hawwe dúdlik oanjûn dat wy in slachfeardige oerheid wolle", reagearret Kooistra. "Dêrom leit it foech by de Deputearre Steaten. It belied is fêststeld. As it oanpast wurdt, moat it kolleezje altyd by de Steaten del foar goedkarring."

De opposysje (19 fan de 43 sitten) begrypt absolút net wêrom't de BBB it amendemint net stypje wol, as se dat by it 'bûsejild fan de deputearren' wol dogge.

Dus tsjinnen se in moasje fan treurnis yn, om oan te jaan dat se teloarsteld binne yn de wize wêrop't it kolleezje hjir mei om giet. Dat bart net faak. De lêste kear wie tsjin deputearre Fokkinga yn it stikstofdebat fan maaie 2022. In tebeksetter foar it farske kollezje, mar sûnder echte gefolgen.

Kultuer

Njonken de diskusje oer de budzjetten, wie der argewaasje oer de kultuerbudzjetten. Fan de opposysje út is de krityk net om 'e nocht. Der waarden moasjes yntsjinne oer bygelyks it budzjet fan Arcadia, dat troch de helte gean soe, it útstellen fan besúnigings en it op en nij ynstellen fan in ticket-garânsjefûns.

Deputearre Sijbe Knol © Provinsje Fryslân

Deputearre Sijbe Knol is wol klear mei de diskusje: "It is krekt oft wy it hiele kultuerfjild de nekke omdraaie. De kommende fjouwer jier wurdt der op syn minst 50 miljoen euro ynvestearre in it kultuerfjild. It is spitich dat wy ynkrimpe moasten, mar dat hat ek mei de finansjele sitewaasje te krijen."

Knol seit it ek spitich te finen dat it budzjet wat minder is: "Mar je moatte altyd yn it bredere perspektyf de ôfwaging meitsje. Wy moatte ophâlde om dy sektor de put yn te praten. Wy moatte mei-elkoar, mei yndied wat minder jild, echt wat moais delsette."

It kolleezje en deputearre Folkerts koene woansdeitejûn net reagearje, de deputearre komt tongersdei mei in reaksje.

Njonken de diskusjepunten is noch in moasje oannaam om de stikstofromte dy't frijkomt, mei foarrang yn te setten foar PAS-melders. Ek binne der moasjes oannaam om it wentetekoart tsjin te gean en it Netwerk Duurzame Dorpen te stypjen.