Drachtster Sijtsma is de lêste namme op it stimbiljet: "Bin graach hikkesluter"

© Shutterstock/ eigen foto

Wa't saterdei 22 novimber it stimbiljet iepenslacht en hielendal rjochtsûnderyn sjocht, sjocht dêr de namme fan Sijbren Sijtsma út Drachten stean. Hy stiet op nûmer alve op de list fan de Politike Partij foar Basisynkommen.

Sijtsma leit út hoe't er op dat plak op de list bedarre is. Doe't de partij noch socht om minsken foar op de list, kamen se fia fia by him út. De Drachtster wie earder riedslid foar de FNP yn Smellingerlân en sit no yn de stipefraksje fan dy partij.

Oer twa wiken binne de Twadde Keamerferkiezingen. Dêr dogge 26 partijen oan mei en in pear Friezen steane heech op de list.

Mei de organisaasje achter it Kieskompas hat Omrop Fryslân in stimhelp ûntwikkele dêr't ek Fryske tema's yn nei foaren komme. Klik hjir om de stimhelp yn te foljen.

Hy is ek ûnderdiel fan de wurkgroep basisynkommen Smellingerlân. Fia dat team kaam de Partij foar it Basisynkommen by him út. "Yn dy groep bin ik al in oantal jierren aktyf", fertelt Sijtsma. "In pear moannen lyn binne wy as team benadere troch dizze partij. Ik ha sein dat my dat wol moai like."

Wol mei de betingst dat er op in leech plak set wurde soe. "Dus op myn fersyk bin ik ûnderoan op de list set. De minsken dy't boppe-oan steane hawwe harren spoaren echt wol fertsjinne."

It wie wol wat in ferrassing. Ik wit earlik sein ek net wêrom't de partij net wat mear nei links stiet.
Sijbren Sijtsma, nûmer alve fan Politike Partij foar Basisynkommen

Wat Sijtsma noch net wist, wie dat de partij hielendal rjochts op it stimbiljet ferskine soe. "It wie wol wat in ferrassing. Ik wit earlik sein ek net wêrom't de partij net wat mear nei links stiet."

De lisfolchoarder fan partijen sûnder sitten wurdt troch lotting fêstlein.

It is Sijtsma syn bedoeling net om yn de Keamer te kommen. Kampanjefiere docht er ek noch net echt. "Nee, ik bin der net echt drok dwaande mei. Dat hat ek mei wurk en oare saken te krijen. Mar ik besykje wol mei te tinken dêr't dat kin, wy wolle de partij de kommende wiken noch wol op de kaart sette."

Mar wat no as de partij wól alve sitten krijt? "Dat in goeie fraach, dan gean ik der wol foar. Ik stean op de list, dat bin ik de kiezer dan ferskuldige. Jo witte it net."