HEA! De spaceshuttle fan de Nozems

HEA! United Nozems

In ridend bierkrat, in enoarme kapwein of sels in spaceshuttle; freoneploech de United Nozems fan Wolvegea draait der de hân net foar om. Mei harren selsboude fehikels dogge se alle jierren mei yn de specialsklasse fan de Zwarte Cross yn Lichtenvoorde.

De groep fan 9 jonge manlju en froulju is no alwer dwaande mei it ûntwerp foar de edysje fan 2024. Se ha in namme heech te hâlden, al in pear kear wûnen se de priis. Fraach is wol wêr't se mei al harren eardere kreaasjes hinne moatte, want se kinne mar dreech ôfstân dwaan fan de fantastyske bousels.