Petysje tsjin nije flechtlinge-opfang: "Wêrom opnij in azc yn Snits-Noard?”

De petysje © Omrop Fryslân

Tsjinstanners fan in nij azc yn it noarden fan Snits ha in petysje oanbean oan de gemeente Súdwest-Fryslân. De yn totaal 1.072 hantekeningen dy't sammele binne troch in groep besoarge bewenners, binne troch boargemaster Jannewietske de Vries yn ûntfangst naam.

Sy docht de tasizzing dat se der op tasjen sil dat de ynformaasje en it sinjaal fan de boargers meinaam wurde yn it beried fan de gemeenteried. De plannen foar in nij opfangsintrum foar flechtlingen yn Snits roppe by omwenners in soad fragen op.

Bewenners biede de petysje oan © Omrop Fryslân

Krekt foar de kommisjegearkomste fan de gemeente tiisdeitejûn begjint, wurdt de petysje oerlange. En dêr bliuwt it net by. In tal ynwenners grypt de mooglikheid oan yn te sprekken by de gearkomste.

"Hoe is het mogelijk dat er op het stuk woonbestemming in Sneek gekozen wordt voor nieuwbouwwoningen voor vluchtelingen, terwijl we te midden van een woningcrisis zitten", freget ien fan de ynsprekkers ôf. Hy freget oft der ek tydlike wenningen mooglik binne.

"In oar diel fan de gemeente oan bar"

In oare ynsprekker is Petra van der Meer, wurdfierder fan de groep besoarge bewenners fan Snits-Noard. Sy seit mei klam net tsjin de opfang mei flechtlingen te wêzen: "maar waarom weer in Sneek-Noord?"

Boargemaster Jannewietske de Vries nimt de petysje yn ûntfangst © Omrop Fryslan

It azc yn de Noorderhoek yn Snits kaam der yn 2016 en slút yn 2026 de doarren as de nije opfanglokaasje klear is. De twa opsjes dêrfoar lizze yn Harinxmaland. Petra van der Meer fynt it 'bjusterbaarlik' dat sa'n grutte gemeente as Súdwest-Fryslân opnij in grutte opfang by Snits ha wol.

"As je it ha oer sprieding fan flechtlingen, dan is in oar diel fan dizze gemeente no in kear oan bar." Dêrneist ha omwenners noed oer de feiligens en fine se it net goed dat de gemeente gjin draachflakûndersyk en sjenswize by de plysje yntsjinne hat.

De riedsleden ha ek fragen foar de wethâlder, lykas: hoe't it sit mei iepenbier ferfier by de nije lokaasje en hoe't it sit mei de feilichheid fan de flechtlingen yn it wetterrike gebiet? De gemeenteried nimt op 23 novimber in definityf beslút oer de nije opfanglokaasje.