De toan fan Froukje Sijtsma: "Nederlânske gebeartetaal"

"Yn myn tienerjierren haw ik wolris mei de gedachte boarte om gebeartetaal te learen. Gjin idee hoe't ik dêr bykaam. Ik kin my heuge dat ik ris in jeugdfilm seach, mei ik mien in dôf en in hearrend haadpersoan.
De twa jongeren learden mei elkoar kommunisearjen. Yn in moai shot namen se ôfskied fan inoar. Ien stapte de bus yn en gong achteryn sitten. By it fuortriden ferklearren se inoar de leafde. Sadwaande wit ik noch altyd it gebeart foar 'ik hâld fan dy'.
Gebeartetaal haw ik trouwens noait leard. Ik studearre Frysk. Mar dy twa talen hawwe wol in oantal oerienkomsten, die ôfrûne wykein bliken. Al in oantal jierren wurkje ik foar DINGtiid, it taaladvysorgaan dat it Ryk en Provinsje Fryslân advisearret op it mêd fan de Fryske taal.
Sneon organisearren wy yn it Gerjochtshôf fan Ljouwert ús jierlikse DINGtiid-lêzing. Juristen, politisy, taalleafhawwers en studinten praten oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak. Al sûnt Kneppelfreed yn 1951 wurdt der striden foar in lykweardich plak foar it Frysk yn it rjochtsferkear. Der binne al in soad stappen set, mar noch altyd is der ferskil tusken it Nederlânsk en it Frysk. Noch genôch wurk oan de winkel dus.
Tidens de koroanapandemy learde hiel Nederlân in bytsje gebeartetaal troch de oersetting fan 'net hamsterje'. Yn dyselde perioade, yn 2021, waard mei de Wet erkenning Nederlandse Gebarentaal ek gebeartetaal in offisjele taal. Sadwaande wie ek it advyskolleezje Nederlandse Gebarentaal op ús lêzing, en waard der Frysk oerset nei NGT.
In dôf bestjoerslid fan it NGT fertelde dat se in soad leare kin fan de Fryske taalsituaasje. Harren striid foar erkenning liket wol wat op dy fan it Frysk. Ek sy hawwe te krijen mei wrakselingen, lykas it rjocht om harren taal te brûken yn de rjochtspraak. Sûnder rjochtbanktolken kinne sy harren net iens rêde, en dêr binne der mar in pear fan yn Nederlân.
Doe't ik middeis thúskaam fan de lêzing, kaam ik op tillefyzje in programma tsjin oer it dôvepastoraat, oer hoe't dôve kristenen utering jouwe oan harren leauwen, bygelyks it sjongen fan ferskes yn gebearten. De dôve dûmny fertelde dat gebeartetaal froeger ferbean wie. Dôven moasten harren mar oanpasse en besykje te kommunisearjen mei de hearrende mienskip. Wat moatte sy harren doe iensum field hawwe.
Twa wiken lyn waard op it Cinekid Festival yn Amsterdam, it grutste bernefilmfestival fan de wrâld, de film 'Okedoeibedankt' fertoand. In film oer twa dôve puberfamkes dy't it libben ferkenne. Spesjaal foar de opnamen learde de filmcrew gebeartetaal. In erkenning dat minsken dy't gebeartetaal brûke derta dogge.
Ik moast efkes tinken oan myn kollum oer it Frysk yn 'Boer Zoekt vrouw'. Elts minsk soe syn gefoelens yn syn memmetaal uterje moatte kinne. Nederlânsk, Frysk of gebeartetaal. Sa is ek de bestjoerder fan it advyskolleezje NGT fan betinken.
Yn it Gerjochtshôf hear ik in grut applaus en de gebeartetolk sette dat fansels oer. Applaudissearje yn gebeartetaal, dat dochst troch dyn beide hannen yn de loft te hâlden en dan in beweging te meitsjen lykas draaist in lampepitsje yn in lampe. En sa learden ferskate minsken dit wykein wer in bytsje gebeartetaal."