Kom yn de kunde mei de nije kening fan it maratonriden: Harm Visser

De nije kening fan it maratonriden is Harm Visser. Hy is noch mar krekt 23 jier, mar hy wint dit seizoen hast alles. Dit seizoen liket er hielendal trochbrutsen en yntusken meitsje de dielnimmers op de massastart harren al soargen.
By de iepeningswedstriid yn Grins fersloech Visser Bart Hoolwerf en Bart Swings, de olympysk kampioen op de massastart. Dêrnei wûn hy yn in World Cup Kwalifikaasjetoernoai ek noch de massastart en ôfrûne sneon wûn hy wer de maraton, dit kear op It Hearrenfean.
We folgen Harm Visser foar en ûnder de maratonwedstriid op Thialf:
Wapenfeiten Harm Visser
Leeftiid: 23 jier
Wenplak: De Westereen
2021/2022: winst yn Tilburch, twadde yn it jongerenklassement en twadde yn it einklassemint;
2022/2023: winst yn trije maraton cups en it einklassemint. Op natueriis winst yn Luleå (Sweden) en tredde op de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee (Eastenryk);
2023/2024: winst yn twa fan de trije maratonwedstriden.