Liveblog | 8 novimber 2023

112-nijs fan 8 novimber: Fytser en auto komme yn botsing yn Ljouwert | Woudagemaal útset

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 8 novimber 2023, 19:10
19:10

Fytser en auto komme yn botsing yn Ljouwert

© AS Media

In auto en in fytser binne mei-inoar yn botsing kaam. Dat barde woansdeitejûn om 18.40 oere hinne op de Skrâns yn Ljouwert.

De fytser is yn de ambulânse behannele. De tadracht fan it ûngelok wurdt noch ûndersocht.

17:03

Woudagemaal wer útset

Wetterskip Fryslân hat it Woudagemaal woansdei om 17.00 oere wer útset. It gemaal hat fiif dagen draaid om it oertallige wetter dat de ôfrûne dagen fallen is ôffiere te kinnen.

It KNMI hat sein dat de waarsferwachting wikselfallich bliuwt, mar dat de delslach tafalle sil. Boppedat komt de wyn út de goede rjochting.

It Wetterskip bliuwt lykwols "alert".

Ek de situaasje op Skylge is no te behearskjen. Dêr wie de ôfrûne dagen sprake fan wetteroerlêst. It Wetterskip ferwachtet dat it oertallige wetter yn in dei ôffierd wurde sil.

14:07

Tydlike beheiningen brêgen oer de Tsjerk Hiddeslûzen yn Harns

Troch ûnderhâld oan de brêgen oer de Tsjerk Hiddeslûzen yn Harns sille der fan moandei 4 desimber oant en mei freed 16 febrewaris 2024 in oantal beheiningen jilde foar de skipfeart:

  • Fan 4 desimber oant en mei 16 febrewaris kin de skipfeart der net lâns
  • Fan 8 desimber oant en mei 4 febrewaris is de maksimale trochfearthichte 7,80 +/- NAP
  • Fan 5 febrewaris oant en mei 9 febrewaris kin de skipfeart der net lâns
  • fan 9 febrewaris oant en mei 16 febrewaris is der beheinde brêgebetsjinning en binne der trochfearthichtebeheinings
11:51

Fiadukt oer A6 ôfsletten

11:42

Jonge fan 14 fermist út Drachten wei

De plysje siket nei in 14-jierrige jonge dy't sûnt 9 oktober fermist is út Drachten wei.

Hy soe nei Grins of Ljouwert gien wêze, mar is sûnt dy tiid net mear sjoen. Der binne soargen oer it wolwêzen fan de jonge.

De plysje hâldt der rekken mei dat hy mei it iepenbier ferfier fierder gien is yn de rjochting fan Rotterdam.

Minsken dy't ynformaasje hawwe oer dizze fermissing, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

10:00

Vitens: probleem mei wetter ferholpen, lek siet yn transportlieding

De problemen mei it drinkweter tusken Snits en Grou binne ferholpen. Dat meldt in wurdfierder fan wetterbedriuw Vitens. Neffens it bedriuw wie der sprake fan in 'spontaan lek' yn in transportlieding fan 40 sintimeter yn trochsneed.

De ôfsluters fan de stikkene wetterlieding binne tichtdraaid, en dêrtroch streamt it wetter no troch oare buizen nei de kraan ta, meldt Vitens. De klanten ha dus wer wetterdruk, mar it lek sels is noch net tichtmakke. Vitens kin net sizze hoefolle wetter oft der troch it lek fuortstreamd is.

Neffens Vitens komme sokke 'spontane' breuken yn de lieding wol faker foar, benammen as it yn koarte tiid in protte reind hat. Dan begjint de grûn te skowen. It is net dúdlik oft dat no ek de oarsaak wie fan dit lek.