Nije direkteur filmfestival wol publyk út hiele lân lûke: "Plak om je thús te fielen"

Hester Simons, direkteur Noordelijk Film Festival © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

"Ik bin in allesiter." Hester Simons, de nagelnije direkteur fan it Noordelijk Film Festival, hâldt fan allerhande soarten films. "Dêr wurdt soms wol om lake."

"Oan de iene kant hâld ik fan keunstsinnige en artistike films, mar ik moat earlik tajaan dat ik ek hâld fan aksjefilms en fan dy Aziatyske fechtfilms, dy't yn de oare bioskopen draaid wurde."

De 48-jierrige Simons, fan Sint Jabik, makket dizze wike foar it earst it noardlik filmfestival mei as direkteur. It festival set woansdei útein en duorret oant en mei snein.

Ien fan de films dêr't Simons dit festival it measte nei útsjocht, is 'Smoke Sauna Sisterhood'. "Dy giet oer froulju yn de sauna dy't mei elkoar it petear oangean."

Ek de iepeningsfilm 'Fallen leaves' hat se in soad nocht oan.

De iepeningsfilm fan it Noordelijk Film Festival 2023: Fallen leaves © NFF

'Fallen leaves' is in tragikomysk leafdesferhaal dat him ôfspilet yn Helsinki. "Mar ik sjoch foaral út nei it grutte ferskaat oan films en de diversiteit oan wrâlden dy't we te sjen krije."

Earder wie Simons direkteur fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en wurke se by gemeenten en de provinsje. Yn dy sin is har wurk foar Film yn Fryslân totaal wat oars. "Mar ik haw in dwangmjittige passy foar film en it bloed krûpt wêr't it net gean kin."

Film yn Fryslân

Hester Simons is Jacqueline Schrijver opfolge as direkteur fan Film yn Fryslân. Dêrûnder falle filmhûs Slieker, it Fries Film & Audio Archief en it Noordelijk Film Festival.

"Ik wol it Noordelijk Film Festival noch steviger op de kaart sette. Net allinnich yn Fryslân, mar ek noch mear yn it Noarden en ek nasjonaal en ynternasjonaal." Se wol har rjochtsje op nij publyk, dat sels noch net wit dat it goed by it filmfestival past.

"Sa hawwe we kontakt lein mei de Vereniging Noorwegen yn Nederlân, in netwurk fan minsken út Noarwegen dy't yn Nederlân wenje. Us festival mei de Noardske fokus kin foar harren in fantastysk plak wêze om harren wer even thús te fielen."

Fierder wol Simons in grutter plak jaan oan films yn minderheidstalen mei in nij programma-ûnderdiel Memmetaal. "Lytse regio's wrakselje mei it behâlden fan de eigen identiteit en taal. It filmfestival biedet dêr in hiele moaie yngong foar."

De film Ellos Eatnu – Let the River Flow, fan it programma Memmetaal © NFF

It festival hat, krekt as de rest fan de kulturele sektor, turbulinte jierren achter de rêch. Dat wie ek foarich jier noch te fernimmen. It wie de earste gewoane edysje nei it swiertepunt fan de coronakrisis. Der wiene folle minder taskôgers as dêrfoar: 16.000 besikers ferline jier, tsjin 25.000 yn 2019.

Simons lit witte dat dat gjin grutte ympakt hat op hoe't it festival der no foar stiet. Doe't se ferline jier plannen makke, ha se der boppedat rekken mei holden. "Dit jier sjocht it der better út. De foarferkeap rint hiel goed en der binne al guon films útferkocht."

Publyk by it Noordelijk Film Festival fan ferline jier © Lucas Kemper

En al hingje der donkere wolken fan provinsjale besunigingen boppe de Fryske kulturele sektor, Simons leit der net wekker fan. "We dogge fantastyske dingen mei in grutte ympakt op Fryslân. We hawwe in oertsjûgjend ferhaal om ús bydragen te behâlden."

Filmhûs Slieker

Ien fan de plakken dêr't films fertoand wurde, is filmhûs Slieker, dat mei trije filmsealen yn it Fries Museum sit. Der wurdt al in skoft praat oer in eventuele ferhuzing.

Simons: "It sfearyske aspekt wurdt bot mist op it plak yn it museum en dat soene we wol graach wolle. In ferhuzing is net fan de ien op de oare dei te realisearjen, mar it hat wol ús oandacht."