Grut fiskûndersyk yn de Waadsee smakket nei mear

Seebears-ûndersyk foar it Swimway-projekt © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Foar it earst is der fjouwer jier lang ûndersocht hoe't fisken de Waadsee brûke yn it Swimway-projekt. Undersykskoördinator Ingrid Tulp fan Wageningen Marine Research pleitet no foar in ferfolch. Want oer dik in jier hâldt it projekt op en der lizze noch wichtige fragen op antwurden te wachtsjen.

It Swimway-projekt is in inisjatyf fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee, Wageningen Marine Research, Rijksuniversiteit Groningen en de Waddenvereniging.

Mei help en jild fan ek in soad oare organisaasjes is der ynformaasje boppe wetter helle dy't helpt om de goeie maatregels te nimmen foar de beskerming fan fisken. Of, as dat better is, de natuer de tiid te jaan om it sels op te lossen.

Stikelbears

Sa docht bliken dat it ferskaat oan fisken folle grutter is yn slinken fan natuerlike kwelders as yn de ôfwetteringssleatten fan oanleine kwelders. Tulp: "Dat heeft er waarschijnlijk mee te maken dat daar veel langer water in blijft staan. En dat er veel meer instroom is van zoet water."

It wetter yn de oanleine kweldergebieten lykas Noard-Fryslân bûtendyks is folle sâlter. Undersikers fûnen mei dêrtroch folle mear stikelbearzen yn de kwelder fan Skiermûntseach as oan de Grinslanner kust.

Dit soart kennis is wichtich foar it dwaan en litten fan natuerbehearders, mar der binne ek útkomsten dy't in soad te krijen ha mei de klimaatferoarings. "En aan die knop kun je veel minder makkelijk draaien", seit Tulp.

Grut ûndersyk nei fisken yn de Waadsee smakket nei mear

Wat dy klimaatferoaring en de gefolgen foar de Waadseefisken oanbelanget, is der in model ûntwikkele dat him oant no prima ferhâldt mei wat de ûndersikers yn de praktyk sjogge: it waarmere wetter hat ynfloed op de fisken. Guon soarten groeie dêrtroch stadiger en de tsjoklipharder produsearret folle minder neiteam.

Data

Undersikers brûke takom jier benammen om alle data dy't by it fjild- en laboratoriumwurk ophelle is, te ferwurkjen ta konklúzjes dêr't natuerbehearders as it goed is wat mei kinne. Mar by dy maatregels moatte je ek de finger oan 'e pols hâlde om sa te sjen oft sy ek effekt hawwe. En hoe't wy dat hjoed-de-dei regele ha, lit neffens Tulp noch wol wat te winsken oer.

Der hingje op it stuit ek noch sa'n hûndert ûntfangers oan boeien fan Rijkswaterstaat dy't de bewegings registrearre fan seebearzen, harders en iel dy't foar it Swimway-projekt in stjoerderke meikrigen hawwe plus fisken fan oare ûndersikers út oare lânnen. Der wurdt oerlein mei Rijkswaterstaat om dat systeem noch wat langer brûke te kinnen.

In fûke wurdt leech helle yn de kwelder fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Wittenskiplik ûndersyk smyt eins altiten wer nije fragen op. Mar as it oer de fisken yn it Waad giet, lizze der ek noch fragen dêr't hielendal noch net nei sjoen is.

By it Waddenfonds libbet, as wichtichste jildsjitter fan it projekt, bygelyks de fraach wat it betsjut as wy hieltiten mear swiet wetter fêsthâlde op it fêste lân foar de hieltiten drûgere simmers. As der dan moannen lang minder of net mear spuite wurdt op it Waad, "dan werkt dat door op zo'n systeem", ferwachtet ek Tulp.

"Inhaalslag"

Ek is der in soad ûndúdlik oer it weromrinnende oantal gewoane seehûnen dy't folslein ôfhinklik binne fan fisken. Mar der leit no yn elts gefal in basis mei de hjoeddeistige ûndersiken nei 'Waadfisken', sjocht ek Tulp: "We moesten een hele grote inhaalslag maken, want van vissen wisten we in vergelijking met vogels relatief weinig."