Wurkgroep Goutum hjit flechtlingen wolkom mei blomskikken

© Omroep Leeuwarden, Ilona de Vries

Flechtlingen in waarm wolkom hjitte. Dat is it doel fan de Wurkgroep Flechtlingen Goutum. Mei ferskate aktiviteiten set de groep frijwilligers him yn foar de bewenners fan Heliconstate yn Ljouwert en Campanile yn Goutum. Sa wie der moandei in workshop blomstikken meitsjen.

De wurkgroep is al goed in jier aktyf en begûn mei aktiviteiten foar de doetiidske bewenners yn de opfang yn it WTC yn Ljouwert. Yntusken binne der twa opfanglokaasjes by kaam, dêr't de wurkgroep aktiviteiten foar organisearret.

Wurkgroep Goutum hjit flechtlingen wolkom mei blomskikken

Sa is der bygelyks de 'Meet and Eat', dêr't minsken inoar moetsje en ite kinne, in Sinteklaasaksje foar bern en dus in workshop blomskikken. Tweintich froulju út Heliconstate gienen moandei nei de Agnestsjerke om dêr kreatyf oan de slach te gean mei blommen, kastanjes en stekskom.

"We willen graag wat voor andere mensen betekenen", fertelt Jenny Mink fan de wurkgroep. "Zodat ze zich een beetje thuis kunnen voelen. Veel mensen hebben natuurlijk van alles achter de rug. En geen leuke dingen. En wij willen ze een welkom gevoel geven."

Famylje

Meryem, ien fan de dielnimmers fan de workshop moandei, is bliid mei dizze moarn. "Wij leven in de opvang, en dat is een beetje moeilijk voor ons ", fertelt de bewenster fan Heliconstate. "Soms missen mensen hun familie en dan is een activiteit als deze heel belangrijk. Het is psychologisch goed", seit de flechtling.