112-nijs 7 novimber: Asbest frijkaam by brân yn Sint Anne
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Auto yn it wetter by Drachten
Der is tiisdeitejûn in auto yn it wetter bedarre by de Nipkowlaan yn Drachten. De ynsitters wienen al út de auto op it momint dat de helptsjinsten oankamen. Se waarden by in bedriuw yn de buert opfongen en hoegden net nei it sikehûs.

Autobrêge wurdt ferfongen yn Holwert
Mooglik gemysk ôffal fûn yn sleat by Ingwierrum
Der is mooglik gemysk ôffal oantroffen yn in sleat by Ingwierrum. It ynsidint barde ôfrûne snein. De brânwacht, de plysje en Wetterskip Fryslân kamen teplak om de boel te besjen.
It Wetterskip hat meunsters naam, mar de resultaten fan it ûndersyk binne noch net dúdlik, meldt RTV NOF.
Boete foar ferkeard ferfieren silo
De plyjse hat tiisdeitemoarn in bestjoerder, dy't mei in persoane-auto in oanhingwein mei polyester silo meitôge, steande holden op de Scheiding, yn de buert fan Surhústerfean.
De silo stuts mear as 10 sintimeter út oan de sydkanten fan de oanhingwein, wylst der gjin breedtemarkearrings oanbrocht wienen. De bestjoerder hat dêrfoar in boete krigen fan 160 euro.
Boppedat krige de bestjoerder wat tips oer de ladingsekering en de bannespanning.
Fytser ferwûne yn Ljouwert
Der is in fytser ferwûne rekke op de Skrâns yn Ljouwert. De frou lei op de stoepe.
Omstanners hawwe fuortendaliks earste help ferliend en dêrnei kamen ek de helptsjinsten gau teplak. De fytser is oerbrocht nei in sikehûs.
Wat der krekt bard is, is net dúdlik. Yn de earste melding waard sein dat it om in oanriding gie, mar oft dat ek echt sa is, is ûnbekend.

Asbest frijkaam by brân
By de brân fanmiddei yn Sint Anne is yndie asbest frijkaam, dat meldt de gemeente Waadhoeke. It is fûn op de grûn fan de wenning sels en yn de tún by de buorlju,
It gebiet is ôfset. Moarn wurdt it guod opromme troch in spesjalisearre bedriuw.