Youtuber en wrâldboarger Vinkenoog koesteret it Frysk: “Net samar in dom taaltsje”

Hilbert Vinkenoog © Omrop Fryslân / Eigen foto

Hilbert Vinkenoog fan YouTube-kanaal History with Hilbert - mei hast in heal miljoen abonnees - hat in nijsgjirrige bân mei Fryslân. Yn syn skiednisfideo's giet it gauris oer Fryslân. "Ik wol sjen litte dat it Frysk en Fryslân in plakje ha yn de skiednis."

De 23-jierrige Vinkenoog komt út Ingelân, mar hat Fryske roots en is folop dwaande om dy werom te finen. Fia syn heit syn famylje is der in link mei Fryslân, al hat dy sels earder yn Amsterdam wenne. Syn heit hat ea de kar makke om Frysk te learen en krekt dêrtroch is Hilbert oanstutsen. It resultaat: Vinkenoog is no in Fryskpratende Ingelskman dy't thús grutbrocht is mei it Nederlânsk.

Berne yn it Ingelske Bath is er op syn fjirde nei it noardeasten fan it lân ferhûze, yn de omkriten fan Newcastle. Dêr waard wer hiel oars Ingelsk praat. Fan taal en taalferskillen wie er him op jonge leeftiid al bewust. Yntusken wennet er yn Grins mei Fryske studinten en rint er staazje by de Fryske Akademy yn Ljouwert.

© Eigen foto

De kombinaasje fan ynteresse yn taal én skiednis en syn ambysje om oan de universiteit fan Cambridge te studearjen, foarmje de basis foar syn YouTube-kanaal.

"It is hartstikkene dreech om dêr akseptearre te wurden, dus ik tocht: ik moat wat oars ha om sjen te litten dat ik écht ynteressearre bin. Ik meitsje fideo's."

En sa gie it. Syn earste fideo gie oer Wytsingers (Fikingen) yn Ingelân. "Dy fideo hat it wol goed dien. Doe haw ik noch mar ien makke. Sa is it grutter wurden."

Ynteresse oer de hiele wrâld

Al rillegau krige it Frysk en Fryslân in plak yn syn fideo's. "Ik fûn Fryslân altyd al nijsgjirrich en ik meitsje fideo's oer wat ik nijsgjirrich fyn. Ik sjoch boppedat hoefolle minsken op de wrâld it wol net ynteressant fine."

Mar hy docht it net allinnich dêrom. "Mei myn fideo's wol ik ek sjen litte oan minsken dy't Frysk prate, dat it net samar in dom taaltsje is, mar dat minsken oer de hiele wrâld dit nijsgjirrich fine. Ik wol sjen litte dat it Frysk en Fryslân in plakje ha yn de skiednis."

In fideo op it kanaal fan History with Hilbert © Omrop Fryslân

De ynteresse fan de sjoggers liicht der net om, fertelt er. "Ik krij sels reaksjes fan minsken mei de fraach hoe't se Frysk leare kinne."

Hy fynt it spitich dat der yn de skiednis sa op de lytse talen delsjoen wurdt. "Ik ha it idee dat der no net sa'n soad bewustwêzen is fan de Fryske skiednis en dat Friezen net safolle oer har eigen skiednis witte."

Stân fan it Frysk

As ien dy't de boel fan in ôfstân besjen kin, fernimt er dat in protte minsken Frysk prate, mar ek dat mar in bytsje minsken Frysk lêze en skriuwe. "Dat kinne folle minder minsken."

Underwiis spilet dêryn nei syn idee in grutte rol. "Ik ha wat it gefoel dat it Frysk yn it ûnderwiis as in bûtenlânske taal sjoen wurdt. It Frysk soe bêst de taal fan ynstruksje wêze kinne foar guon fakken. Ast bygelyks skiekunde yn it Frysk joust, kinst sjen litte dat it Frysk in taal is dêr't je fan alles mei kinne."

Der wurdt op it stuit wurke oan in nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dy moat eltse fjouwer jier op 'e nij opsteld wurde. Yn de BFTK wurde ambysjes en plannen fêstlein op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.

Ut ferskate hoeken binne foarstellen yntsjinne, bygelyks út de kultuer, rjochtspraak en it ûnderwiis. Omrop Fryslân lit yn dizze rige bekende en minder bekende minsken oan it wurd oer de takomst fan it Frysk.

Neffens him kin der troch it regear en de provinsje mear dien wurde om te soargjen dat it Frysk in steviger plak kriget yn de provinsje. "Ast Frysk op alle domeinen brûke kinst, kinst saken as in bedriuw, mar ek it ûnderwiis yn it Frysk dwaan. As dat net kin, wurdt dat ôfsletten. Dan krije minsken it gefoel dat it allinnich in taal foar thús wurdt."

Minimumnivo

Advokaat Tjalling van der Goot pleite koartlyn foar in minimumnivo as it giet om taalbehearsking fan it Frysk yn de rjochtbank yn Ljouwert. Vinkenoog fielt dêr wol wat foar. Ek op oare plakken yn maatskippij.

Vinkenoog jout in kolleezje op de Old Frisian Summer School yn Oxford © Eigen foto

"Yn Ierlân hawwe se soks al. Dêr moatte je foar guon funksjes in bepaald nivo Iersk hawwe." Iersk is in minderheidstaal yn Ierlân dy't dêr njonken it Ingelsk bestiet. "Yn Fryslân ha we de Afûk. Ast Frysk leare wolst, kin dat. Mar der moat motivaasje wêze, in stimulâns. Dy is der no net sa bot."

In taal is in manier fan de wrâld sjen. It is de kaai nei ús eigen skiednis.
Hilbert Vinkenoog

Dêr ha Friezen sels ek in ferantwurdlikheid yn, fynt er. "Uteinlik is der gjin Fryske taal sûnder de Friezen. Wy ha it wol oer in taal as wat dat op himsels stiet, mar in taal libbet yn de mûlen fan de sprekkers."

"In taal is in manier fan de wrâld sjen. It is de kaai nei de eigen skiednis. Dat kwytreitsje, soe echt spitich wêze", seit de Ingelskman. "Der moat mear mei dien wurde, omdat it Frysk in minderheidstaal is. It Nederlânsk rêdt him wol, mar by it Frysk is dat net sa fanselssprekkend."