Efterlitten hûnen krije nij hûs: "Je merkt dat ze heel teleurgesteld zijn"

De twa hûnen dy't sneintejûn op It Amelân efterlitten binne, krije nei alle gedachten in nij baaske. Foardat se dêrhinne sille, kin it twatal earst efkes bykomme yn in tydlike opfang yn Drachtsterkompenije.
De hûnen wiene troch harren baaske oan in fytsestalling by de fearboat by Nes fêstknope. Njonken de hûnen stie in boadskippetas mei foer, bakken en harren paspoarten. De ferantwurdlike eigener is yn Holwert steande hâlden troch de plysje.
It ferhaal fan de hûnen, Igor en Vlekje, smyt in soad reaksjes op. Dêrtroch is der nei alle gedachten al in nij baaske fûn. Hielendal yn Limboarch, seit Rob Knoeff fan de biste-ambulânse. "Ze wilde al van de andere kant van Nederland naar Ameland komen." Dat kin net fuortendaliks, want de hûnen moatte earst bykomme en ûndersocht wurde.
De bisten ha in soad meimakke en binne hiel wurch. Dat is net sa nuver, want se binne al aardich op leeftiid. Earder waard tocht dat de hûnen 9 en 11 jier wiene, mar se binne noch âlder: 11 en 15.
"Oud, bang en zielig"
Knoeff wie as earste op it plak doe't de melding fan de hûnen binnenkaam. Hy fûn de situaasje wêryn't hy de bisten oantrof skrinend. "Ze waren aardig onderkoeld, want ze stonden al een tijdje in de regen. Erg bang, oud en zielig."
Hy belle fuort de plysje en makke de bisten gau los. De hûnen ha de nacht by de biste-ambulânse trochbrocht.

De bisten kinne, foardat sy nei harren nije baaske sille, terjochte by Dierencentrum Friesland yn Drachtsterkompenije. Eigener Martine Keizer nimt se mei nei de bistedokter foar kontrôle. De âldste fan de twa is der neffens Keizer min oan ta. Hy is meager en hat in soad bulten op it liif.
Ek fernimt se dat de situaasje in soad yndruk op de hûnen makke hat. "Je merkt dat het honden zijn die waarschijnlijk een leuk leven gehad hebben, omdat ze contact met je maken, maar ook dat ze heel teleurgesteld zijn."
"Vertroetelen"
Keizer en har frijwilligers sille op Igor en Vlekje passe oant se sûn genoch binne foar de reis nei Limboarch. Se is wiis dat se tegearre nei in nij baaske kinne. "Ze zijn waarschijnlijk al hun hele leven bij elkaar. We gaan ze hier vertroetelen en dan komt het helemaal goed."