Sandor van der Heide: "Cambuur speelt onder Henk de Jong beter voetbal"

De Sportcast mei Sandor van der Heide © Omrop Fryslân

De trainerswiksel by SC Cambuur hat in positive wurking hân. Neist dat der ûnder trainer Henk de Jong no twa kear wûn waard, sjocht it fuotbal der ek better út. Dat fynt âld-fuotballer Sandor van der Heide.

Van der Heide foarme in skoft in ûnôfskiedlik duo mei De Jong. De earste as assistint en de twadde as haadtrainer. Op dit stuit wurkje de manlju net gear, om't Van der Heide ûndernimmer is. Hy sjocht wol hast alles fan syn âlde klup.

"Cambuur speelt beter voetbal onder Henk de Jong", fynt Van der Heide. Dat sjocht hy bygelyks werom by de sintrale ferdigeners. "Je begint met een basisopbouw. Je ziet dat ze veel meer rust aan de bal hebben en niet zonder druk de bal naar een back spelen. Daardoor is er veel meer rust in de ploeg. Ik zie dat het er weer in komt."

Mar, yn de eagen fan Van der Heide, kinne je De Jong noch net hielendal ôfrekkenje op it fuotbal. "Wanneer Henk puur op resultaat zou gaan spelen, wordt er anders gevoetbald. Maar je wilt mensen vermaken en veel en goed aan de bal zijn, want dan krijg je minder goals tegen. Dat is na drie dagen niet klaar en in drie weken ook niet."

Ek sc Hearrenfean hat kwa spul de line omheech te pakken. It slagge de ploech fan Kees van Wonderen snein lykwols net om Ajax te ferslaan. Yn de Johan Cruijff Arena waard mei 4-1 ferlern.

Rjocht op mear

Dat wie flattearre, want de Feansters hiene rjocht op mear. En waarden dêr net by holpen troch skiedsrjochter Sander van der Eijk, fynt sportferslachjouwer Roelof de Vries. "De skiedsrjochter marsjandearret. Je witte dat it bart by Ajax-út", seit De Vries.

Dit is niet iets van nu. Dat zal de komende tien jaar ook nog zo zijn.
Sandor van der Heide oer it befoardieljen fan grutte klups

Hy hat ek wol in foarbyld. "Berghuis makket in smoarge oertrêding en hy komt der gewoan mei wei. Oarsom krijt Pelle van Amersfoort wol giel foar in oertrêding, dêr't Ajax se net foar krijt."

Van der Heide herkent him yn de wurden fan De Vries. "Wat jij zegt, klopt als een bus. Dit is niet iets van nu. Dat zal de komende tien jaar ook nog zo zijn. Als jij in zulke stadions speelt als kleinere club, zal dit altijd zo blijven."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.