Suzanne Schulting ferwûne by training yn Thialf: snijwûne yn rêch

Suzanne Schulting by in training yn Thialf yn septimber © Orange Pictures

Shorttrackster Suzanne Schulting is moandeitemiddei ferwûne rekke by in training fan de nasjonale seleksje yn Thialf. Se is mei in ambulânse ophelle en foar behanneling oerbrocht nei it sikehûs.

De 26-jierrige Schulting hie technyktraining yn Thialf. De trijefâldich olympysk kampioen waard nei in fal rekke troch in reed fan Xandra Velzeboer, dy't har net mear ûntwike koe. Schulting rûn dêrby in snijwûne yn de rêch op.

Hechtingen

Undersyk hat útwiisd dat der gjin spieren rekke binne. Wol moast de snijwûne hechte wurden. Dêrnei mocht Schulting nei hûs ta. De shorttrackster is sûnt koart wer oan it trainen, nei't se der in skoftke út west hat.

Remy de Wit, technysk direkteur fan it reedrydbûn KNSB: "Iedereen is natuurlijk in eerste instantie erg geschrokken, vooral Suzanne en Xandra. Maar Suzanne is in goede handen en we hopen haar weer snel op het ijs te zien."