Twa hûnen efterlitten op It Amelân

De hûnen dy't efterlitten binne op It Amelân © RTZ & Dierenambulance Ameland

De biste-ambulânse op It Amelân krige sneintejûn de melding dat immen twa hûnen oan de fytsestalling by de fearboat fêstmakke hie en dêrnei sels, sûnder de hûnen, oan board gien rjochting it fêstelân.

Mei de grutst mooglike faasje binne de frijwilligers doe te plak gien. Op de feardaam troffen se twa âldere hûnen oan. Se sieten fêstbûn, yn de spielende rein. Neist de hûnen stie in boadskiptas mei foer, foerbakken en paspoarten. De frijwilligers wienen yn 't earstoan skrokken, mar ûndernommen al gau aksje.

Plysje ynskeakele

It efterlitten fan in bist is in strafber feit, dus de plysje waard fuortendaliks ynskeakele. Ut Dokkum wei waarden plysjes nei de haven fan Holwert stjoerd. Op de fearboat dy't dêr oankaam is de plysje mei de man yn petear gong. Hy is net oanholden.

Likegoed binne de hûnen (11 en 9 jier âld, sa't bliken die út harren paspoarten) noch net holpen. Omdat der op It Amelân gjin geskikte opfang is, moatte de frijwilligers op 'e nij ymprovisearje. Foar de nacht fan snein op moandei wie der in ûnderkommen fûn. Moandeitemiddei sille de hûnen nei Stichting Dierencentrum Friesland yn Drachtsterkompenije brocht wurde