Roberts Uldrikis is mei tank oan Henk de Jong wer de âlde: "Foar him jou ik 20 persint mear"

Roberts Uldrikis © Dijks Fotografie

As it earste skiep oer it daam is, folgje der mear. It is hjir in ferneamd sprekwurd. En it soe fan tapassing wêze kinne op spits Roberts Uldrikis fan SC Cambuur.

Ofrûne tongersdei makke de 25-jierrige oanfaller nammentlik syn earste doelpunt fan it seizoen. It wie in frommelgoal, mar de bliidskip is der in pear dagen letter net minder om. "Elts doelpunt is hiel wichtich, mar de earste fan it seizoen is altyd moai", seit Uldrikis.

De Let hat no wer in promininte rol. Dat hat wol oars west. Sjors Ultee spruts it fertrouwen wol út yn him, mar makke dat net wier. Want nei in basisplak yn de earste wedstriid, waard Uldrikis ferwiisd nei de bank.

"It wie dreech", jout Uldrikis ta as er weromsjocht op de earste moannen fan dit seizoen. "Ik spile net folle en der siet in soad negativiteit yn de klup. We spilen ek net goed, dus it wie net sa maklik."

Roberts Uldrikis is bliid mei syn earste doelpunt fan it seizoen

Mei it weromkommen fan Henk de Jong feroare it perspektyf fan Uldrikis. Hy miste dêrnei noch mar ien wedstriid fan de Ljouwerters en dat wie om't er ynterlânferplichtings hie mei Letlân. Dêrtroch die er net mei tsjin NAC Breda. Yn de trije wedstriden dêrnei miste Uldrikis gjin minút.

"Henk jout my fertrouwen. Hy is hiel wichtich foar my", fertelt Uldrikis. "Dat seachst ek yn it earste jier dat we mei-inoar wurken. We einigen hiel heech yn de earedivyzje en ik wie kluptopskoarer."

Ik sjoch it spritzige no wol weromkommen.
Trainer Henk de Jong oer Roberts Uldrikis

De oanpak fan De Jong is neffens Uldrikis somtiden 'killing'. De trainer sit der boppe-op en stekt dat ek net ûnder stuollen of banken. "Ik sit him op syn bealch. En dat moat ek. Hy wurdt op trainings folle better en begjint te skoaren."

De Cambuurtrainer fynt dat Uldrikis belangryk is foar syn ploech. Net allinnich foaryn mei syn lange liif, mar ek ferdigenjend draacht de spits syn stientsje by. Bygelyks by it fuortkoppen fan standertsituaasjes fan de tsjinstanner.

Trainer Henk de Jong sit Roberts Uldrikis fûl op 'e hûd

Opfallend is it wol. Yn syn earste seizoen by Cambuur skoarde Uldrikis yn de earedivyzje sân doelpunten yn 21 wedstriden. Foarich seizoen kaam er yn tritich duels mar oant ien goal. Doe foel de 1,98 meter lange spits benammen op mei grutte missers.

Dat seach ek De Jong. "It foel nei in goed seizoen wat fuort by him. Hy hat noch hiel lang trochspile mei ynterlannen, doe kaam er werom en ynienen wie it fuort. Hy koe net mear dat spritzige bringe en dat sjoch ik no wol weromkommen", fertelt de trainer.

As ik Henk de Jong oan de sydline stean sjoch, jou ik tsien oant tweintich persint ekstra om't hy der is.
Roberts Uldrikis

Dêr spilet De Jong sels dus in grutte rol by. Under oare troch Uldrikis kritysk te benaderjen. Somtiden ek wol dêr't oare spilers by sitte. "Mar as ik wat goed doch, seit er dat ek. Hy is altyd earlik en besiket altyd posityf te bliuwen. Dat is in goed ding."

It mei dúdlik wêze: tusken Ultee en Uldrikis wie der bepaald gjin klik. En dy klik hat de Let wol mei De Jong. "Hy wit hoe't er it bêste út my helje moat. As ik him oan de sydline stean sjoch, jou ik tsien oant tweintich persint ekstra om't hy der is."

De weromkear fan Henk de Jong wie foar Roberts Uldrikis tige posityf

De kommende twa wedstriden sil Uldrikis mear doelpunten meitsje wolle by Cambuur, dat spilet tsjin TOP Oss en ADO Den Haag. Dêrnei mist er de wedstriid tsjin Roda JC. Uldrikis spilet dan mei it nasjonale alvetal fan Letlân tsjin Kroäsië en Poalen.

Kommend jier sil er gewoanwei syn fyftichste ynterlân spylje foar syn lân. En dan kin it helpe as er him by de bûnscoach fan Letlân sjen lit mei doelpunten by Cambuur.

It moat ek hast wol, want no't der ien skiep oer it daam is...

De wedstriid tusken SC Cambuur en TOP Oss begjint moandeitejûn om acht oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma fan Omrop Fryslân, dat om kertier foar achten úteinset. It kommentaar út Oss wei komt fan sportferslachjouwer Geert van Tuinen.

Tiisdei is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen fan it duel.