Hearrenfean helpt Ajax oan 'wederopstanding': Friezen ferlieze dik yn Amsterdam

© Orange Pictures

Hearrenfean hat de wedstriid tsjin Ajax mei 4-1 ferlern. De Friezen wiene miskien wol de bettere ploech, mar de Amsterdammers makken de measte doelpunten.

Hearrenfean moast it dwaan sûnder twa topoanfallers: Patrick Wålemark en Ion Nicolaescu binne beiden mei in blessuere yn Hearrenfean achterbleaun. Fan Osame Sahraoui wie it ek lang ûnwis oft dy derby wêze koe, mar hy stie al yn de basis.

Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Braude (62. Witteveen), Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Brouwers (83. Webster), Haye, Olsson (83. Van Ee); Nunnely (62. Ali), Van Amersfoort (46. Karlsbakk), Sahraoui.

De earste minuten fan de wedstriid wiene foar Hearrenfean. Van Amersfoort koe de Friezen op foarsprong sjitte, mar hy skeat de bal tsjin in tsjinstanner oan.

Dêrnei gie it spul hinne en wer. Ajax waard yn de earste helte in pear kear gefaarlik foar de goal fan Andries Noppert, en wist it goed ôf te meitsjen. Troch doelpunten fan Steven Bergwijn en Brian Brobbey stie it samar 2-0. Totaal ûnnedich, sei ferslachjouwer Arjen de Boer, dy't yn de Arena wie.

Bergwijn stie by de earste goal op it rantsje fan bûtenspul, en de VAR hie der even wurk mei, mar doe't dy melde dat it doelpunt telde, wie te hearren hoefolle minsken oft der yn de Arena sieten: 54.288

800 Friezen wiene der stil fan.

Der is yn de hiele earedivyzje net ien ploech dêr't Ajax faker tsjin skoart as Hearrenfean, en dat blykt ek no mar wer.

Yn de blessueretiid fan de earste helte die Hearrenfean wer wat werom: Luuk Brouwers kopte de bal mei de holle achter de keeper fan Ajax. It gefoel dat der wat te heljen wie yn Amsterdam wie wer werom.

Goed fuort

De twadde helte begjint as in kopy fan de earste. Hearrenfean begjint opnij skerp. En opnij skoart Ajax as earste. Trochdat der oan dizze goal in oertrêding foarôfgie, telt er net mei. Sa komt Hearrenfean goed fuort.

© ANP

Dan komme der kânsen foar Hearrenfean. Ynfaller Karlsbakk kopt krekt oer. Ynfaller Ali sjit de bal op de peal. De Friezen yn it stadion meitsje no mear leven as de Amsterdammers. It kin noch, is it gefoel.

Mar it koe net. Yn de lêste fiif minuten fan de wedstriid skoarde Chuba Akpom de 3-1 foar Ajax, doe't de Fryske doelman Noppert in skot fan ôfstân net goed ferwurke.

Dêrmei wie de gifbeker noch net leech: Dyselde Akpom skoarde djip yn de blessuerediid ek noch de 4-1. Sa wiene it nei 90 minuten dochs de supporters fan Ajax dy't it hurdste songen yn Amsterdam.