Yorick 'wennet alternatyf' en fielt him opjage: "Niet alle zwervers zijn tuig"

Yorick wol net yn in hûs wenje, mar op in boat mei net fan de gemeente © Simone Scheffer, Omrop Fryslan

Der is grutte wenningkrapte yn Nederlân. Dat is gjin nijs. Mar der binne ek hieltyd faker minsken dy't saneamd alternatyf wenje. Yn in caravan, tinte of op in boatsje. Faak is dat yllegaal.

Geregeldwei bart dat út need, mar der binne ek minsken dy't net yn in hûs wenje wolle. Sy kieze der sels foar om op dizze wize te wenjen. Ien fan dy minsken is Yorick Zwiers. Foar him is eins gjin romte yn ús systeem.

Yorick is 30 jier en wennet op it stuit earne yn Ljouwert op in ponton, dat er sels opboud hat omdat syn kajútboatsje ôfpakt is troch de gemeente.

Dit is hoe't Yorick wennet: op in ponton, want syn boat is ôfpakt

Al sûnt er 22 jier is wennet Yorick net konvinsjoneel, of sa't er it sels seit: alternatyf. Wy treffe him oan de râne fan de stêd Ljouwert. Oan de kaai fan in yndustryterrein. Dêr lizze noch in pear boatsjes. Op ien fan dy oare boatsjes wennet ek Ale.

Hy is út syn hûs setten en hat gjin plak mear. Ale wennet der dus twongen. Hy skilderet en tekenet dat it in lust is en wol ek dúdlik meitsje dat der minsken binne dêr't gjin oar plak foar is.

Bewuste kar

Hy libbe earder trije moanne yn de Prinsetún mar hat no ûnderdak yn syn boatsje mei de namme Geluk. Neffens him is it oars net as tafal dat hy der wennet.

De tydlike tinte fan Yorick © Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Foar Yorick is dat oars. It is foar him in bewuste kar. "Ik voel me beter op mijn bootje. Als ik in een huis, zit voel ik me alsnog eenzaam. Op een boot voelt voor mij vertrouwder en vrij." Dochs kin dat net samar. Foar de twadde kear is syn kajútboat no ôfpakt.

Selsfoarsjennend

Yorick is hast selsfoarsjennend yn syn ûnderhâld. "Ik maak alleen nog niet mijn eigen bier, maar voor de rest bijna alles zelf. Ik heb tabaksplanten, kruiden en groenten."

Hy hat in túntsje dêr't grienten groeie en bloeie. Der steane moaie flespompoenen, mar ek boerekoal en oare griente. En op in oar plak fine je in tipy fan in beanneplant. It húske is in kompost-wc en hy skarrelet fierders wol oare dingen by inoar.

Ik wil de voetafdruk van anderen verminderen door hun afval weer te gebruiken.
Yorick Zwiers

De wask docht er mei sjippe dy't er sels makke hat fan kastanjes. Folslein biologysk en natuerfreonlik. It wetter kin gewoan yn it kanaal getten wurde nei it waskjen. En it rûkt neffens Zwiers ek noch goed: "Mijn sokken ruiken lekkerder dan ooit."

Hy wol mei syn wize fan libjen de foetprint fan oare minsken kompensearje. Wy libje yn in maatskippij mei in hiel soad guod. Yorick wol mei syn wize fan libjen ek sjen litte dat dat net nedich is. "Ik wil mensen bewust maken dat je niet zoveel luxe nodig hebt en dat je alles uit de natuur kan halen."

Belied yn de gemeente

De gemeente reagearret op it ferhaal fan Yorick. Se hawwe net in folslein byld fan it tal minsken dat bûten sliept of op in 'alternatyf' plak ferbliuwt. Fan fiif minsken witte se dat se bûten sliepe. Fan dy fiif is by de gemeente bekend dat der ien op in boatsje sit.

De gemeente ferwiist fierder nei it belied foar lisplakken dat de gemeente hat. Dêryn stiet hoe lang oft je mei in boat earne lizze meie. Dêr wurdt ek op hanthavene.

Oansprekpunt foar dakleazen

Neffens de gemeente kinne minsken dy't dakleas binne of dat driigje te wurden nei Wender ta. Dat is it earste oansprekpunt. Dy sjogge dan op hokker wize oft der passende húsfêsting bean wurde kin en oft der help nedich is.

Foar Yorick syn situaasje is dit lykwols gjin oplossing. Hy wol dat der struktureel in oplossing komt. "Het liefst wil ik liggeld betalen en hier blijven liggen. Niemand heeft last van me. Ik lig hier helemaal verstopt." Want, sa seit er ek: "Zwervers zijn niet allemaal tuig en piraten hebben ook rechten."

© Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Moandei is der in harksitting oer de kwestje. Dêr wol er syn ferhaal graach dwaan. Hy hopet dat yn de gemeenteried ynsprekke kin, of dat in wethâlder by him komt te sjen.

Pirateprotest

Neffens him wurdt syn libben en it libben fan oaren dy't twongen op in alternatyf plak ferbliuwe ûnnedich dreger makke. As der net in strukturele oplossing komt dan foarsjocht Yorick dat it "kat-en-muis-spel tussen mij en de gemeente weer opgestart wordt".

Hy tinkt der oan in 'piratenprotest' te organisearjen. Hy hat der al fjouwerthûndert pirateflagen foar besteld.