LWD Basket ferliest alles dit seizoen: "Maar geen crisis in Leeuwarden"

© Dijks Media

Mei in soad ambysjes begûn LWD Basket yn septimber oan it nije seizoen. Coach Vincent van Sliedregt wie sels fan miening dat syn ploech meistride kinne soe om de lânstitel. Mar oant no ta waarden alle wedstriden noch ferlern. LWD Basket stiet nei seis duels ûnderoan de ranglist.

Sneontejûn wie ek Donar te sterk, al wie LWD Basket tichtby de earste oerwinning fan it seizoen. De Grinzers wûnen pas yn overtime mei 81-83. "Ik sta hier met gemengde gevoelens", seit coach Vincent van Sliedregt krekt nei de wedstriid. "Ik baal natuurlijk enorm van het resultaat, maar ik heb wel een ploeg gezien die wil vechten. Dan kun je je ploeg eigenlijk vrij weinig verwijten."

Better op inoar ynspile

Ek Shaquille Doorson, goed foar seis punten en tsien rebounds, wie teloarsteld oer de sechsde nederlaach op rige, mar ek hy sjocht dat der in opgeande line oanwêzich is.

"Het is gewoon jammer dat je zo'n wedstrijd weer in overtime verliest, dat overkomt ons nu voor de tweede keer op rij. Maar je merkt wel dat we beter op elkaar raken ingespeeld. We weten elkaar vaker te vinden in het veld en daardoor krijgen we steeds meer vertrouwen."

Dochs leine der sneontejûn yn it sfearfolle Kealledykje genôch kânsen om de wedstriid te winnen. Under oanfiering fan de Amerikanen Isaiah Burnett en Adrian Delph (mei-inoar goed foar mar leafst 45 punten) kaam LWD Basket yn it fjirde kwart op in 64-61 foarsprong.

Donar trochtaastender

Mar Donar knokte him werom ta 70-70 en dus moast de wedstriid yn overtime beslikke wurde. Dêryn wiene de besikers út Grins krekt wat trochtaastender.

"Juist op die momenten moeten we ervoor zorgen dat we geen fouten maken", seit Doorson. "Niet te veel turnovers hebben en de juiste keuzes maken. Dat moeten we nog leren, maar ik vind wel dat dat steeds beter gaat."

LWD Basket ferliest foar de sechsde kear dit seizoen

Syn coach is it dêrmei iens. "We gaven onder de borden iets te veel makkelijke ballen weg. Je mist op die belangrijke momenten net iemand met ervaring die juist dan de rust bewaart."

Op 'e nij blessuere foar Dimitri Maconda

In ekstra tsjinfaller wie ek de blessuere fan Dimitri Maconda. De 21-jierrige pointguard miste de earste wedstriden fan it seizoen, like fit te wêzen foar de wedstriid tsjin Donar, mar moast tongersdei op 'e nij ôfheakje fanwege in achillespeesblessuere.

"Heel frustrerend", seit Maconda. "Je wilt je ploeg zo graag helpen en dat kan niet. Ik probeer positief te blijven, maar dat is lastig. Basketbal is alles voor mij." Hoe slim de blessuere is, is noch net dúdlik. Moandei wit de ploech nei in tal ûndersiken hooplik mear.

Fansels hie Van Sliedregt syn pointguard der graach by hân. "Ja, het is zeker een groot gemis. Maar je kunt er zo weinig aan doen. Als m'n oma wielen had, was ze een fiets. Hij kan niet spelen, we moeten rustig wachten tot hij weer fit genoeg is. Dit zijn dingen waar we geen invloed op hebben, dus daar moet je ook niet te veel tijd aan verspillen."

Sportive krisis yn Ljouwert?

LWD Basket ferlear dit seizoen fan Landstede Hammers (60-93), Heroes Den Bosch (103-73), Feyenoord (85-94), BAL (76-69), Den Helder Suns (75-76) en dus sneontejûn fan Donar. Seis spile, nul wûn en hielendal ûnderoan de ranglist. Dat binne de kâlde sifers fan de earste twa moannen fan it seizoen.

Shaquille Doorson in de wedstrijd tegen Donar © Dijks Media

Dochs wol Van Sliedregt net sprekke fan in sportive krisis. "Dat vind ik te hard uitgedrukt. Je verkeert in een crisis als je helemaal niet op niveau kan basketballen. Dat is bij ons zeker niet het geval."

Het valt allemaal net de verkeerde kant op voor ons.
Trainer Vincent van Sliedregt

Doorson slút him by de wurden fan syn coach oan. "Een crisis wil ik het niet noemen. Maar we willen natuurlijk wel winnen. Gelukkig zien we vooruitgang dus ik ben ervan overtuigd dat we snel de eerste overwinning gaan boeken. Daar zijn we heel erg aan toe ook."

"Het valt allemaal net de verkeerde kant op voor ons", ferfolget Van Sliedregt. "Alleen: als je aan het gras trekt, gaat het niet harder groeien. De enige manier om beter te worden is om deze situaties mee te maken en er van te leren. Maandag gaan we weer trainen en dan zullen we nog harder moeten werken. Zo simpel is het. En dan moeten we het een keer gaan omdraaien."

Hege ferwachtingen

Foarôfgeand oan it seizoen wiene de ferwachtingen heech by LWD Basket. Van Sliedregt doarde sels te sizzen dat syn ploech meistride kinne soe om de titel. "Die uitspraak werd mij een beetje ontlokt", stelt de coach.

"Je speelt namelijk altijd om te winnen, dat is wat ik gezegd heb. Je doet mee aan een competitie om kampioen te worden. Maar ik heb nooit gezegd dat wij de favoriet zijn voor de titel. Ik wil best achter m'n woorden blijven staan hoor. Het seizoen is nog lang, we zijn groeiende, dus ik zou het gek vinden als mensen ons al helemaal afschrijven."