Amelander Veerdienst is stapke tichter by realisaasje: koöperaasje oprjochte

De koöperaasje Amelander Veerdienst is oprjochte. Dat meldt havenmaster fan It Amelân Ina Nagtegaal op X. In groep Amelanners is al in oantal jier dwaande in eigen feartsjinst op te rjochtsjen.
De inisjatyfnimmers wolle de tsjinstregeling betrouber meitsje en dêrom farre mei trije of fjouwer skippen. De resinte perikels mei de tsjinstregeling fan Wagenborg hawwe derfoar soarge dat der skot yn de saak sit. Mei de oprjochting fan in koöperaasje is de groep wer in stap tichter.
Ut in enkête fan ferline jier docht bliken dat hast tachtich persint fan de eilânbewenners de oprjochting fan in eigen rederij stipet. Se wolle benammen mear ynfloed hawwe op de plakken oan board, it parkearbelied yn de fearhavens en de hoemannichte auto's fan toeristen op It Amelân.