Durk van der Ploeg wûn 21 kear Rely Jorritsmapriis: "Ik tocht, hjir moat ik mei ophâlde"

Durk van der Ploeg © Omrop Fryslân

Hy is de âldste bekende Fryske skriuwer dy't nij wurk publisearret. Durk van der Ploeg is 93 jier en noch altyd warber mei skriuwen. "Ik skriuw mysels it ferhaal yn."

"Ik rin net mear sa hurd, mar fierders giet alles goed", seit Van der Ploeg, dy't yn Noardburgum wennet. It measte wurk thús lit er dwaan. Mar it tinken kin er net oan in oar oerlitte.

Sûnt de dea fan syn frou wennet Van der Ploeg allinnich. Der binne dagen dat der gjin minsk komt. Hy wurdt dêr net ûngelokkich fan. De bern komme geregeld del en der is sosjale kontrôle.

"Ast âld wurdst, hâlde se dy yn de gaten. Is er der noch? Baarnt it ljocht wol? Ik kin my oe sa thús deljaan. De dagen binne my te koart. Ik haw it drok en as ik it net drok haw, meitsje ik my drok."

Klaaiker yn de Wâlden

Uthuzich is er net en al hielendal gjin reizger. Syn favorite literatuer is de Skandinavyske, hy hat dêr lykwols noch nea west. It leafst bliuwt er op 'e pôle. Foar de streek fan syn jonge jierren makket er in útsûndering. Hy is graach yn de Dongeradielen.

Durk van der Ploeg yn 1990 © Screenshot 'Skriuwers yn byld'

Dat er yn de Wâlden wennet, komt troch syn frou dy't dêrwei kaam. In Wâldpyk is er nea wurden. "Ik bliuw in Klaaiker."

Syn eigen wrâld is him mear as genôch. Van der Ploeg hat nei eigen sizzen in sterke binnenwrâld en dêr moat in oar net oankomme.

De Fryske skriuwer Durk van der Ploeg waard yn 1930 berne yn Hoogkarspel (Westfryslân, Noard-Hollân). Hy is grut wurden yn Ealsum by Dokkum. Hy wie typograaf by de krante, (ein)redakteur en skriuwer fan boekresinsjes. Nei syn pensjoen lei er him folslein ta op it skriuwen.

Van der Ploeg hat 7 dichtbondels, 27 romanpublikaasjes, novelles en ferhalebondels op syn namme te stean. Hy wûn 21 kear de Rely Jorritsmapriis, plus de heechste Fryske literêre ûnderskieding, de Gysbert Japicxkpriis, foar syn folsleine wurk.

Syn ûnthâld is skerp. Hy wit noch in soad fan foarhinne. Hy wie 3 jier doe't se fan Hoogkarspel werom nei Fryslân ferfearen. "Ik wie ien fan de earsten dy't oer de Ofslútdyk kaam. Dy wie yn 1933 klear en yn dat jier bin ik der ek oerhinne kaam."

Ealsum wie harren nije thús, in lyts doarpke flakby Dokkum. Syn heit hie wurk krige by in molkfabryk yn Dokkum. Yn de stêd woene se net wenje, want se wiene gjin stedsminsken.

Thalatta!
Durk van der Ploeg oer it momint dat er by Moddergat foar it earst de see seach

De Dongeradielen, de wrâld fan syn jeugd, komt ek werom yn syn romans. Hy wit noch dat er foar it earst by Moddergat de see seach. It wie krekt as mei de Griken: Dy rôpen 'Thalatta!' doe't se de see seagen. Dat betsjut: 'De see!' No noch moat er geregeld efkes achterdyk sjen.

Thalatta! De Waadsee by Moddergat © ANP

De earste jierren fan Durk syn libben wie it in minne tiid. Nei de beurskrach fan New York yn 1929 stoarte de wrâldekonomy yn. Yn 1940 kaam dêr ek nochris de Twadde Wrâldoarloch oerhinne. Hy wie 14 jier doe't de oarloch foarby wie. "Doe hie ik eins noch gjin goede tiid meimakke."

Earst nei 1947/1948 waard it stadichoan better.

It tsjerkje fan Ealsum © Bayke de Vries

De sterkste yndrukken komme sa tusken de 7 en 14 jier, seit Van der Ploeg. De oarloch is der by him ynknald. "Op in moandeitemoarn om 8 oere waard in loop fan in gewear troch de keamersdoar stutsen. Wy sieten te brea-iten. De Dútsers namen de ûnderdûker mei."

It wie in omke fan Durk. Dy hat it gelok hân, want hy oerlibbe it.

In hiel soad fan wat Van der Ploeg yn de oarloch meimakke hat, hat er ek ferarbeide yn syn romans.

Rekôrhâlder

Hy wist al betiid dat er skriuwer wurde woe. Yn 1959 begûn er mei gedichten. In lytse tsien jier letter, yn 1968, kaam syn earste roman út. Gedichten skriuwe slagget him net mear - "It wol net" -, romans wol.

Mei 21 kear hat er it faakst fan allegearre de Rely Jorritsmapriis wûn, dêr't de ynstjoerings anonym beoardiele wurde. "Ik wie rekôrhâlder. Op 't lêst tocht ik: hjir moat ik mei ophâlde."

De heechste literêre priis, de Gysbert Japicxkpriis, krige er yn 2011 foar syn hiele wurk.

Yn dizze ekstra lange Noardewyn 1 op 1 praat Willem de Vries wiidweidich mei skriuwer en dichter Durk van der Ploeg. Tuskentroch poëtyske bydragen fan Abe de Vries, Arjan Hut, Sigrid Kingma, Christa Niklewicz, Gabriëlle Terpstra, Martsje de Jong, Alwin van der Toorn, Lubbert Jan de Vries en Jens de Vries:

Alles wat er dien hat, ek de wize fan skriuwen, hat er sels ûntwikkele. "Jo moatte jo ynlibje yn in oar en dat foarmjaan op papier. As ik wat skriuw, moat ik it earst sels sjoen hawwe. Want as ik it net sjoen haw, sjocht de lêzer it ek net."

"Soms wit ik net wêr't it oer gean sil. Ik begjin mar wat te skriuwen. Ik skriuw mysels it ferhaal yn en sjoch wol wêr't ik útkom." As er ien kear de fêste line te pakken hat, wit er wêr't er op oan wol.

Oangripend

Syn nijste roman In fauna fan Ingels út 2022 giet oer psychiatry. Dat hat bot syn belangstelling. Yn syn jonge jierren gie Van der Ploeg wolris del by in omke fan him dy't yn in ynrjochting yn Súdlaren wurke.

"Dan stiene de pasjinten mei de fingers yn it gaas nei my te sjen. Mei in gesicht krekt as seagen se my net. Dat hat my tige oangrypt."

In fauna fan ingels, Durk van der Ploeg © Durk van der Ploeg

Oer it Frysk fan tsjintwurdich is Van der Ploeg net posityf. It brokkelet hurd ôf, fynt er. Frysk is in orale taal wurden, want der binne gjin kranten en tydskriften mear lykas Frysk en Frij. En de minsken lêze ek gjin boeken mear, benammen de jeugd net.

"As ik guon minsken praten hear, tink ik: jo kinne better Nederlânsk prate."

Alder wurde

Mei it âlder wurden en de dea hat er gjin muoite. Yn syn famylje wurde se allegearre âld. De pake nei wa't er neamd is, is 92 jier wurden. Dat generaasjegenoaten der net mear binne 'is de wei fan it fleis'. "It oerkomt ús allegearre. De iene betiid en de oare let."

Syn eigen wrâld, mar ek it Fryske wrâldsje is sa stadichoan lytser en lytser wurden. Der moat hiel wat barre, wol dat feroarje, sa is er fan betinken. Mar Van der Ploeg giet noch wol efkes troch. Hy is al wer mei in opfolger oan de gong fan In fauna fan ingels. "Ik bin al hiel fier." It wurdt syn fjirtichste publikaasje.