Middenfjilder Simon Olsson docht wat de trainer him freget

© ANP

Op it momint dat Osame Sahraoui útfalt yn de thúswedstriid tsjin Heracles Almelo, krijt Simon Olsson it sein dat er nei de linkerflank ferhuzet, ek al is dat net syn favorite posysje. "Ik hoopje dat Sahraoui der tsjin Ajax wer by is", seit Olsson. "Dan kin ik wer nei it middenfjild."

Dit seizoen spile de Sweed syn bêste wedstriden as linkermiddenfjilder. Mar troch de blessuere fan Osame Sahraoui kaam Olsson tsjin Heracles Almelo en yn it bekerduel tsjin VVV-Venlo wat heger op it fjild te stean.

Olsson follet dy posysje wol op in oare wize yn as Sahraoui: "Ik hoech net as in echte bûtenspiler hieltyd de djipte te sykjen. Ik spylje wat mear nei binnen ta, sadat der romte ûntstiet foar Mats (Köhlert, red.)."

Olsson stiet it leafst op it middenfjild, dus moat er hoopje dat Sahraoui tsjin Ajax wer spylje kin

Ferline seizoen liet trainer Kees van Wonderen Olsson geregeld op de rjochtsbûtenposysje spylje. Dat soarge doe ek al foar fernuvering by de Sweedske middenfjilder. "Ik haw nea earder yn myn karriêre op dizze posysje spile", sei er doe.

Olsson kin op meardere posysjes út de fuotten en dat is net altiten in foardiel. "As ik earlik bin, spylje ik leaver oan de linker- as oan de rjochterkant. As je rinne mei de bal oan de foet, is it foar ien dy't rjochts is makliker om oan de linkerkant te stean."

Simon Olsson yn de wedstriid tsjin Heracles Almelo, ferline wike © Orange Pictures

Ferline jier kaam Olsson oer fan IF Elfsborg. Hy tekene in kontrakt foar fjouwer seizoenen yn Fryslân. Hearrenfean betelle 1,3 miljoen foar de middenfjilder.

Yn Sweden wie Olsson ien fan de bepalende spilers: hy spile yn totaal 162 wedstriden foar Elfsborg, wêryn't er trettjin kear skoarde en sechstjin assists joech. Dy sifers steane yn skril kontrast mei syn prestaasjes by Hearrenfean: 50 wedstriden, ien doelpunt, fiif assists.

Simon Olsson spilet fan 'e middei mei sc Hearrenfean de útwedstriid tsjin Ajax. De ôftraap is om 16.45 oere. De wedstriid yn de Johan Cruijff Arena is live te folgjen by Omrop Fryslân yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar komt fan Arjen de Boer.

Al binne syn sifers noch net sa goed as yn Sweden, Van Wonderen is wiis mei spilers as Olsson, dy't er op ferskate posysjes ynsette kin. "Omdat je altijd te maken hebt met blessures. We hebben Simon aan de rechterkant gehad, we hebben hem in een aanvallende rol als '10' gezien en de laatste weken speelt hij wat meer als linkermiddenvelder."

Dat giet oant no ta nei tefredenheid fan de trainer. "Daar speelde hij ook bij zijn vorige club in Zweden. Ik denk dat dat de beste positie voor hem is. Daar voelt hij zich het meest comfortabel."

Trainer Kees van Wonderen oer syn alsidige middenfjilder Simon Olsson

"Soms moet je noodgedwongen wat concessies doen", ferfolget de trainer. "Dan ben je blij dat er spelers zijn die dat goed in kunnen vullen. Tegen VVV speelde hij wat hoger aan de binnenkant en dat kan hij ook prima."

Olsson: "Ferline wike tsjin Heracles spilen wy mei twa kontroleurs op it middenfjild. Dat is myn favorite posysje. Wy sille sjen wat de opstelling wurdt tsjin Ajax, mar ik hoopje yn alle gefallen wer oan de linkerkant te stean. Ik hoopje benammen dat Sahraoui meidwaan kin, dan hoech ik net wer linksbûten te stean, haha."