Lytse ierappelsoarten driigje te ferdwinen troch oanpak Fochtelerfean

De ôfsluting fan de dyk troch it Fochtelerfean kin it ferdwinen fan in oantal lytse ierappelrassen ta gefolch ha. It gefaar leit him yn it wetterpeil dat Natuurmonumenten omheech ha wol.
De dyk troch it Fochtelerfean is fan 1 novimber ôf foar twa jier ôfsletten foar auto's om de natuer te helpen. Oan de dyk leit ierappelkweekbedriuw Jansen. Dêr binne se hielendal net bliid mei de ôfsluting.
Yn it earste plak is dat omdat klanten der no folle dreger komme kinne. Dêrtroch rint de ferkeap werom. Mar benammen de plannen foar in heger wetterpeil sjogge se net sitten. "Als het hier vernat wordt, dan krijgen we zwemaardappelen. Daar kunnen we helemaal niks mee", seit Tino Minken fan it kweekbedriuw.
Jansen ûntwikkelet unike soarten, lykas de Bonbon of de Turftoffel. Dy kinne net earne oars kweekt wurde. "Die zijn streekeigen, dus gebiedsgebonden, die zijn zo gevormd dat de smaak bij het gebied hoort. Dat klinkt misschien wat vreemd, maar dat is wel een typische eigenschap van de soort."
Better foar de natuer
It giet om in dyk fan 1.100 meter. De ôfsluting moat derfoar soargje dat der in soad minder slangen en kikkerts deariden wurde.
Benammen yn de maitiid en simmer fernimt Natuurmonumenten dat it need giet. "We schrokken er vorig jaar echt van, in korte tijd lagen er 60 dode slangen op de weg." Noch wichtiger is it dat de dyk in hindernis is foar it ferheegjen fan it wetterpeil ta behâld fan it fean.
Drûge fuotten
It is de fraach oft bewenner fan it gebiet Thea Douma drûge fuotten hâldt as it wetterpeil omheech giet. Dochs fynt se it moai dat de dyk tichtgiet. "We zijn heel erg blij dat nu de praktijk mag uitwijzen wat het effect is als hier niet voortdurend verkeer langsrijdt met allemaal slachtoffers tot gevolg."

It is wol ôfwachtsjen oft Douma noch wenjen bliuwe kin as it fean ûnder it hûs wieter wurdt. "We zijn bereid om te verhuizen. Soms moet je als individu je eigen belang opzij zetten. Als natuurliefhebbers is dat de bijdrage die we kunnen leveren."
Minken stiet dêr oars yn en hopet dat der noch praat wurde kin oer in oare oplossing: "Vernatten is geen optie en verhuizing is wel een heel zwaar woord. We zitten met ons streekeigen product, dat kan niet op een andere locatie."