Protest tsjin de jacht: Partij voor de Dieren hâldt stille tocht troch Dokkum

© RTV NOF

De Partij voor de Dieren en de aksjegroep Animal Rights hâlde snein yn Dokkum in stille tocht om te protestearjen tsjin de jacht.

De stille tocht is yn Dokkum omdat dêr snein yn de katolike tsjerke de jierlikse Hubertusfiering is. By dy mis wurde de jacht, de jagers en de jachthûnen ynseinige. Der is in neisit fan dy fiering yn de Posthoorn, mei wyldhapkes.

De Partij voor de Dieren en Animal Rights sjugge dit as in ferhearliking fan de jacht. Sy binne tsjin elke foarm fan bistelijen en fine de fieringen yn de tsjerke net mear fan dizze tiid, seit Onno Loonstra fan de PvdD.

Natuerbehear

"Jaarlijks worden er ongeveer twee miljoen in het wild levende dieren doodgeschoten, en eenzelfde aantal loopt, zwemt of vliegt aangeschoten rond. Zo'n 28.000 Nederlandse jachtaktehouders zijn verantwoordelijk voor dit leed."

Neffens de protestearjende partijen soe natuerbehear net it beëage effekt hawwe en it de biodiversiteit bot skea dwaan.

It bestjoer fan de Pax Christi-parochy hat respekt foar de demonstraasje, mar hat besletten om de fiering trochgean te litten. "Hiermee wordt geen moreel oordeel gegeven over de jacht", sa stelt it bestjoer fan de tsjerke.

Tradysjes

De Pax Christi-parochy fynt dat de tradysje trochgean kin. "In tweeduizend jaar heeft de kerk veel volkstradities ontwikkeld. Het zijn kerkelijke rituelen over het geloof die aansluiten bij het dagelijks bestaan en geestelijk welzijn van mensen. In deze lijn ligt ook het ritueel van de zegening."

De katolike Sint-Bonifatiustsjerke yn Dokkum © Omrop Fryslân, Sian Wierda

De Hubertusviering yn Dokkum sil ûnder lieding fan pastoar Paul Verheijen wêze en is neffens de parochy in momint fan besinning rjochte op it befoarderjen fan ferantwurde rintmasterskip. "Christelijke waarden over dier en natuur klinken bijvoorbeeld door in de jaarlijkse Dankdag voor Gewas en Arbeid: een dankdag, ook in protestantse kerken, voor de oogst van de landbouw als enerzijds het werk van Gods schepping en anderzijds de arbeid van boeren", sa lit de parochy witte.

Begryp

De demonstraasje begjint sneintemiddei om 13:00 oere op de Zijl yn Dokkum, fan 13:30 oere ôf sille ferskate sprekkers de besikers tasprekke. Dêrnei sil der in stille tocht hâlden wurde troch it sintrum fan de Stêd. "Tijdens deze tocht worden vele slachtoffers van jacht herdacht", fertelt Loonstra.

Om 14:00 oere begjint de Hubertusfiering yn de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Dokkum. Pastoar Paul Verheijen hat begryp foar de motiven fan eltse aksje tsjin bisteûnrjocht en -misbrûk. Verheijen jout oan dat de Hubertusfiering anno 2023 ek in momint fan besinning is.