Frysk prate op it gerjochtshôf kin wol faker, seit presidint Jonneke Oosting

De DINGtiid-gearkomste oer 'Taal en rjocht' op it Ljouwerter gerjochtshôf © Omrop Fryslân

It gerjochtshôf yn Ljouwert wol Friezen útnûgje om faker Frysk te praten op de sitting. Presidint Jonneke Oosting fan it hôf sei dat sneon op in gearkomste fan DINGtiid oer 'taal en rjocht' yn it gerjochtshôf.

It is Oosting mienens, want by de yngong fan it gerjochtshôf hinget sûnt koarten in nagelnij twatalich boerd mei de tekst gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert/gerechtshof Arnhem-Leeuwarden. It Ljouwerter hôf is dêrmei de rjochtbank in slach foar, want it boerd fan de rjochtbank oan it Saailân is noch hieltyd ientalich Nederlânsk.

Doel fan it boerd is om Frysktaligen dúdlik te meitsjen dat se yn it gebou en ek op de sitting har eigen memmetaal sprekke kinne. "Wij willen alles in het pand tweetalig maken, zodat mensen zich uitgenodigd voelen om Fries te spreken", seit Oosting.

De gerjochtshôfpresidint giet derfan út dat de rjochtbank it foarbyld fan de twatalige boerden gau folgje sil. "Dit soort dingen kosten soms iets meer tijd voordat het gerealiseerd is, maar de rechtbank wordt ook tweetalig, net als wij."

It nije twatalige boerd fan it gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert © Omrop Fryslân

De mooglikheid om Frysk te praten op sittingen fan it gerjochtshôf kaam twa jier lyn ûnder druk te stean, troch it konflikt fan de offisjele rjochtbanktolken mei it ministearje oer de tariven. De tolken komme net mear yn aksje foar it minimumtaryf dat it ministearje betelje wol, wêrtroch't sittingen faak útsteld wurde moasten.

Oosting hopet dat it skeel mei de tolken gau oplost wurdt. Profesjonele rjochtbanktolken bliuwe nedich, ek yn it belang fan oare prosesdielnimmers dy't it Frysk mooglik net ferstean kinne.

It rjocht om Frysk te praten op it gerjochtshôf wol se yntusken safolle mooglik fasilitearje mei eigen meiwurkers. "Wij hebben gelukkig veel Friestalige medewerkers, raadsheden en andere medewerkers. Meer dan 80 procent kan het Fries goed verstaan."

'Fúzje weromdraaie'

It gerjochtshôf freget oan minsken dy't fan doel binne om op de sitting Frysk te praten om dat 8 dagen yn it foar te melden, sadat it hôf der foar soargje kin dat riedshearen, griffier en advokaat-generaal allegearre it Frysk op syn minst goed ferstean kinne. "Bij hoger beroep lukt dat vaak wel, omdat je weet wat er bij de rechtbank is gesproken."

Ut namme fan DINGtiid wiisde juriste Annalies Outhuijse derop dat der mear problemen binne mei it Frysk op rjochtbank en gerjochtshôf sûnt it opgean fan de rjochtbank Ljouwert mei dy fan Grins en Assen yn de Rechtbank Noord-Nederland en sûnt de fúzje fan it Ljouwerter hôf mei dat fan Arnhem.

"Te folle Fryske saken wurde bûten Fryslân behannele. Eins moat dy hiele fúzje wer weromdraaid wurde", sei Outhuijse. Presidint Oosting is dêr net foar en tinkt ek net dat dat gau barre sil. Passende maatregels moatte der yn har eagen foar soargje kinne dat Friezen ek yn de besteande organisaasje Frysk prate kinne op rjochtbank en gerjochtshôf.

Twatalich

It gie sneon benammen om in dialooch tusken Fryske organisaasjes en it gerjochtshôf. Rjochtbankpresidint Fred van der Winkel wie behindere en der wie ek gjin fertsjintwurdiger fan it Iepenbier Ministearje oanwêzich.

Senator Auke van der Goot fan OP.nl die de suggestje om yn de nije bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer BFTK de tekst op te nimmen dat de Ljouwerter rjochtbank twatalich wêze moat, sadat oer it rjocht om Frysk te praten gjin inkeld misferstân mear bestean kin.

Alles yn it Frysk opskriuwe

Rjochtbank en gerjochtshôf binne fierder mei yngong fan 1 jannewaris 2024 ferplichte om alles dat yn it Frysk sein wurdt ek yn it Frysk op te skriuwen yn it proses-ferbaal. Oosting fynt dy ferplichting wol lestich. "We moeten er een taalbureau voor inschakelen, want ook onze Friese medewerkers kunnen lang niet allemaal goed Fries schrijven."

DINGtiid-lid Alex Riemersma fertelde dat er foarútgong sjocht by it Ljouwerter gerjochtshôf. "Doe't Auke van der Goot en ik hjir yn 'e jierren santich foarkomme moasten yn de FOKA-saak krigen we mei it Frysk gjin poat oan de grûn. Yn fergeliking mei doe, sjoch ik foarútgong en binne we ûnderweis nei it 'gewoan meitsjen' fan it Frysk by de rjochtbank."