Earste kear Natuerwurkdei foar Drachtster azc: "Dit moatte we folle faker dwaan"

Moetsjen is it tema fan de 23e lanlike Natuerwurkdei. By it azc yn Drachten binne in tritichtal frijwiligers oan de gong mei seage, skep en bile. Yn it bosk achter it terrein lizze se in kuierpaad oan.
Al 23 jier organisearret LandschappenNL yn de mande mei de provinsjale organisaasjes op it mêd fan lânskipsbehear elke earste freed en sneon fan novimber de Natuurwerkdag. It grutste frijwilligersevenemint yn it grien, sizze se sels.
Op in lytse seishûndert lokaasjes yn hiel Nederlân sette entûsjaste frijwilligers har yn foar in grienere omjouwing. Fan dy lokaasjes binne der 25 yn Fryslân, mei sa'n tûzen frijwilligers.
Landschapsbeheer Fryslân hat noch net earder by in asylsikerssintrum west mei de Natuerwurkdei. "Nee, dit is de earste kear", seit direkteur Wiebe Bouma. De ûnderfining is hartstikkene posityf. "Dit moatte we folle faker dwaan. Wy meie inoar sawysa wol mear moetsje. Ik fyn it hiel moai om dit tegearre mei it azc te dwaan."
De azc-bewenners binne bliid dat se wat om hannen hawwe. Se jouwe oan dat se it frustrearjend fine dat se net wurkje meie, salang't se yn de proseduere sitte.
It tal frijwilligers falt op de Natuerwurkdei dan ek net ôf. "Nee, it giet hartstikke bêst", seit azc-programmalieder Aukje Sinnema. "Der binne fiif frijwilligers fan bûten en in stik of tritich bewenners dy't meidogge. It makket net út dat se gjin ûnderfining hawwe mei seagjen of beammen kapjen."

Foar it azc Drachten is de dei it begjin fan in fergrieningsprojekt. It terrein is fan de gemeente Smellingerlân, dy't hjir jild foar beskikber steld hat fanút de Regiodeal Zuidoost-Friesland. De Regiodeal is in lanlike subsydzjeregeling dat ûnder oaren as doel hat om it lânskip te fersterkjen.
Op it terrein fan it azc yn Drachten giet it benammen om fergriening en it fersterkjen fan in sûne leefomjouwing foar de bewenners. "Dit is it earste dat der bart", leit Sinnema út. "Dan komme der noch fruithoven, krûdetúntsjes en hagen. It wurdt hielendal grien."
