Fryske kandidaat-Keamerleden yn debat yn Buro de Vries

Moat de Lelyline der wol of net komme? Hoefolle nije wenningen kinne hjir boud wurde? Hoe wurdt it stikstofprobleem oplost? It binne allegear fragen dy't steld wurde oan Fryske kandidaat-Keamerleden dy't de kommende trije wiken yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte.
Op 22 novimber kinne wy stimme foar in nije Twadde Keamer en sa't de peilingen der no útsjogge soene dat wolris histoaryske ferkiezingen wurde kinne.
De partij fan Pieter Omtzigt liket út it neat wei in grutte spiler te wurden en de kombinaasje GrienLinks-PvdA skoart ek heech. En wat docht de VVD, de partij dy't al trettjin jier de grutste is?

Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries kinne alle kandidaten fertelle hoe't sy tinke oer typysk Fryske ferkiezingsitems. Boppedat meie se fertelle wat harren persoanlike spearpunt is.
Snein 5 novimber komme earst trije manlju oan it wurd dy't foar in 'lytsere' partij op de list stean: Jan van der Veen (SP, plak 36), Menno Brouwer (Partij voor de Dieren, plak 46) en Maarten Goudzwaard (JA21, plak 6). Presintator René Koster liedt it foarum.
Op 12 novimber skowe Mariska Rikkers (BBB, plak 10), Max Aardema (PVV, plak 19) en Tjeerd de Groot (D66, plak 10) oan. Sy prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de Fryske ferkiezingsûnderwerpen.
De rige wurdt op 19 novimber ôfsletten mei Simone Scheffer as diskusjelieder en mei Aant Jelle Soepboer (NSC, plak 7), Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA, plak 12) en Aukje de Vries (VVD, plak 8) oan tafel.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Mei fan 12:00 oant 13:00 oere it nijsfoarum. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.