Frysk Kieskompas: sjoch hjir hokker partij it bêste by dy past

Mei minder as trije wiken te gean oant de ferkiezingen binne der noch in protte minsken dy't net witte op hokker partij oft se stimme sille. It Frysk Kieskompas kin se dêrby helpe.
Mei de organisaasje achter it Kieskompas hat Omrop Fryslân in stimhelp ûntwikkele dêr't ek Fryske tema's yn nei foaren komme.
Moat de nije spoarline nei de Rânestêd der echt komme? Moat gaswinning ûnder de Waadsee ferbean wurde?
Yn totaal binne der 30 stellingen oer aktuele lanlike en Fryske tema's. It kieskompas is beskikber yn it Frysk en yn it Nederlânsk.
Wurket de tool hjirûnder net goed? Klik dan hjir.
De ferkiezingen foar de Twadde Keamer binne op woansdei 22 novimber.