Liveblog | 4 novimber

112-nijs 4 novimber: Snitser oppakt foar mooglik stekynsidint yn azc

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 4 novimber, 17:48
17:48

Man krijt brânwûnen troch frituerpanne

In Drachtster is sneontemiddei ferwûne rekke by in ynsidint mei in frituerpanne. De man is mei brânwûnen oerbrocht nei it sikehûs.

De brânwacht kaam ek teplak om in neikontrôle út te fieren.

De brânwacht kaam ek teplak © SRFotografie
17:03

Frontale botsing tusken besoarchbus en auto yn Kollumersweach

Twa auto's binne fan 'e middei frontaal opinoar botst op de Foarwei yn Kollumersweach. Dat meldt RTV NOF. Twa minsken rekken ferwûne en binne oerbrocht nei it sikehûs.

Helptsjinsten krigen om healwei ienen in melding fan it ûngelok. Plysje en ambulânse kamen mei spoed nei it plak fan it ûngelok en ha earste help ferliend. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

14:40

Auto yn it wetter yn Balk

Yn Balk is in auto yn de Luts bedarre © Omrop Fryslân
14:33

Ynbraak yn Winsum, plysje op 'e siik nei tsjûgen

Tusken freed 3 novimber om 17.00 oere en sneon 4 novimber 10.10 oere is der ynbrutsen yn in wenning oan de De Nije Herne yn Winsum. Dat meldt plysje Noordwest Fryslân. De plysje ropt tsjûgen op har te melden as se wat sjoen ha of mear witte oer de ynbraak.

Minsken út de omkriten fan de strjitte mei kamera's wurdt frege om de bylden tusken dy tiidstippen te besjen.

10:41

Snitser (24) oppakt foar mishanneling

De plysje by it azc yn Snits © CAMJO media

De plysje hat in 24-jierrige Snitser oppakt nei it mooglike stekynsidint justerjûn yn it azc yn Snits. De man wurdt fertocht fan mishanneling. De plysje is der noch net wis fan dat it yndie om in stekynsidint giet.

Oer de identiteit fan it slachtoffer is noch nea bekendmakke. De persoan soe ferwûningen yn it gesicht hawwe.

De plysje docht fierder ûndersyk nei wat der krekt bard is.