'Provinsje moat helpe parkinson yn Fryslân ynsichtlik te meitsjen'

Jochem Knol (GrienLinks) © Hoge Noorden / Jacob van Essen

De provinsje Fryslân moat yn kaart bringe wêr't yn Fryslân de measte pasjinten mei parkinson wenje en oft der in relaasje bestiet mei it gebrûk fan bestridingsmiddels yn dy gebieten. Dat fine fiif fraksjes yn Provinsjale Steaten nei oanlieding fan in artikel fan Omrop Fryslân.

Fan 2010 ôf is it tal parkinsonpasjinten yn Fryslân groeid fan 1.500 nei 2.600. Dokters meitsje harren soargen oer de groei fan it tal pasjinten. Sy wolle no mei in lânkaart yn byld bringe wêr't it tal pasjinten it grutst is.

Wittenskippers yn Frankryk hawwe dat earder al dien. Dêr docht bliken dat by bygelyks in soad wynfjilden it tal pasjinten grutter is. Plakken dêr't dus in soad bestridingsmiddels brûkt wurde.

We zijn enorm geschrokken van het aantal patiënten met parkinson.
Steatelid Jochem Knol fan GrienLinks

GrienLinks, SP, PvdA, PvdD en D66 (dy't 11 fan de 43 Steatesitten ha) wolle no fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte oft dy eins wol op de hichte is fan de grutte groei fan it oantal pasjinten mei de sykte fan Parkinson.

"We zijn enorm geschrokken van het aantal patiënten", seit Steatelid Jochem Knol fan GrienLinks, "Het zijn berichten die al heel lang de rondte doen."

Knol seit in soad fragen te krijen oer de taname fan parkinson: "Met name over het gebruik van pesticiden in de bollenteelt. Het leeft heel erg bij mensen die in de omgeving wonen van uitstotende locaties."

Sjoch hijr nei wat de mooglike symptomen fan parkinson binne

Op it stuit is in grutte diskusje geande oer it ferbieden fan glyfosaat, in bestridingsmiddel yn de lânbou. Der liket in ferbân te wêzen tusken it middel en de taname fan parkinson.

Mar bestridingsmiddels yn de lânbou binne net it iennige probleem, sei neurolooch Barbera van Harten fan sikehûs MCL: "In de lucht zit bijvoorbeeld ook trichlooretheen. Dat is een oplosmiddel dat veel gebruikt wordt in de metaalindustrie of als vlekkenverwijderaar in stomerijen en wasserijen. En zo zijn er waarschijnlijk nog heel veel andere stoffen of middelen die een slechte invloed hebben."

'Tijd en moeite'

De partijen wolle dat de provinsje him aktyf ynset by it ûndersyk nei de oarsaken. "Onze provincie heeft de taak om onze provincie schoon en gezond te maken en heeft de middelen om daarin te sturen", seit Knol.

De provinsje moat dan net sels de kaart meitsje, mar dêr wol sa folle mooglik by helpe: "Je kan wel de gegevens aanleveren die ervoor nodig zijn. Steek daar tijd en moeite in, zo'n vraag moet niet in de lade verdwijnen."

Je wilt toch zelf je eigen gezondheid vooropstellen?
Steatelid Jochem Knol fan GrienLinks

Knol begrypt net dat fanút ferskate sektoaren sa'n grutte wjerstân is tsjin it ferbieden fan bestridingsmiddels: "Mensen die heel veel met die middelen omgaan, hebben een verhoogde kans om ziek te worden. Je wilt toch zelf je eigen gezondheid vooropstellen?"

Dochs bliuwt de kaart gjin oplossing, mar in helpmiddel, sjocht ek Knol: "We kunnen als provincie aangeven wat we wel en niet goed vinden. Als je weet waar de grote problemen zitten, kan je heel gericht maatregelen nemen om die schade tegen te gaan."