Oftelle nei it Regio Songfestival: wa binne de kandidaten en hoe wurdt der stimd?

Nei moannen fan tarieding is it sneontejûn lang om let safier: dan geane trettjin artysten mei elkoar de striid oan op it earste Regio Songfestival. Foar Fryslân komt Melissa Pander mei 'Foarby' op it poadium fan de Stadsschouwburg yn Utrecht.
Mar wat is it Regio Songfestival krekt en hoe wurket it? We sette alle praktyske ynformaasje foar dy op in rychje.
Trettjin kandidaten
It Regio Songfestival kinst ferlykje mei it Eurovisie Songfestival, dat elts jier holden wurdt. De trettjin regionale omroppen hawwe allegear in kandidaat en in ferske selektearre.
Dêrmei hoopje se de faksjuery en it publyk te oertsjûgjen. De kandidaat mei de measte punten fan de sjuery en it publyk wint de earste edysje fan it Regio Songfestival.
Foar Fryslân docht Melissa Pander mei. Sy wûn mei har ferske 'Foarby' it Fryske sjongfestival Liet. Dêrmei hat se har startbewiis foar dit festival fertsjinne.
De oare omroppen hawwe harren kandidaat op harren eigen wize selektearre: by de iene omrop waard in provinsjale finale útskreaun, oaren selektearren har artyst yntern.
Dit binne de dielnimmers oan it Regio Songfestival
Startnûmer | Omrop | Artyst | Nûmer |
01 | Omrop Fryslân | Melissa Pander | Foarby |
02 | RTV Oost | Leon Moorman | Dat ik leef |
03 | Omroep Gelderland | AleXingt! | Treinreis |
04 | Omroep Zeeland | Smaakstof | Nacht van de nacht |
05 | RTV Drenthe | Lisa Harms | Tot de zun uut giet |
06 | L1 | Emmy Ackermans | 't Letste rundje |
07 | Rijnmond | Remedy | Nooit is het genoeg |
08 | RTV Utrecht | Melanie Ryan | Achterom |
09 | Omroep Brabant | Sam & Merijn | Proost op het leven |
10 | RTV Noord | Wat Aans! | Wakker in Grunn |
11 | Omroep Flevoland | Abtin Salem | Kleurenblind |
12 | NH | Emma Koning | Mag het licht nog één keer aan? |
13 | Omroep West | LIEN | Waar ben je dan? |
De útfierende artysten mochten net earder yn de Nederlânske Top 40 stien hawwe en moatte út de regio komme dy't sy fertsjintwurdigje. De ferskes moatte yn it Nederlânsk of in taal út de eigen regio skreaun wêze.
Fryslân hat startposysje ien krigen en dus sil Melissa Pander mei 'Foarby' hoe dan ek de skiednisboeken yngean as it earste dielnimmende ferske ea op it Regio Songfestival. Mar de ambysjes fan de 22-jierrige Aldemardumse sille fierder gean as dat: Pander wol fansels safolle mooglik punten sammelje.
Dêrfoar moat se likegoed by de sjuery as by it publyk goed skoare. De punten fan de faksjuery telle foar twa tredde mei. Eltse omrop hat in sjuery fan muzyksaakkundigen gearstald dy't alle optredens beoardielje sil.
Yn de Fryske sjuery sitte presintator Sipke Jan Bousema, sjongeres en The Voice of Holland-winner Iris Kroes en Omrop Fryslân-muzyksjoernalist Wim Brons.

De sjuery beoardielet alle ferskes op in algehiele yndruk: fan sang oant optreden, alles moat klopje.
De sjuerys fan alle omroppen diele punten út: 12 foar it bêste optreden, 11 foar de nûmer 2 en 10 oant en mei 1 foar de nûmers trije oant en mei tolve. Alle punten fan alle sjuerys by elkoar opteld, smyt in ranglist op.
Friezen kinne Melissa Pander stypje
Dêrnjonken kin it publyk stimme. Dat kin fia sms foar 45 sint de stim. Elts kin sa faak stimme as hy of sy wol: der is gjin maksimum oantal sms'kes dat je ferstjoere kinne. Dat kin ek op de eigen kandidaat: Friezen hawwe dus de mooglikheid om Melissa Pander te stypjen.
'Foarby', de Fryske ynbring op it Regio Songfestival:
De publyksstimmen telle foar in tredde mei yn it einresultaat. Yn totaal dielt it publyk 516 punten út. De sjuerys hawwe 1.014 punten te ferdielen.
Wa't nei de punten fan de sjuery en it publyk boppe-oan stiet, hat it Regio Songfestival 2023 wûn.
It Regio Songfestival set sneon om 20.30 oere útein yn de Stadsschouwburg yn Utrecht. De presintaasje is yn hannen fan âld-songfestivaldielnimmer Stefania Liberakakis en Riks Ozinga en Bernadette Keizer fan RTV Utrecht.
It is allegear streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online. De útstjoering begjint om 20.00 oere mei in foarbeskôging. Om 20.30 oere wurdt der skeakele nei Utrecht.
De winnende omrop mei it Regio Songfestival takom jier organisearje. It soe dus samar kinne dat it festival yn 2024 yn Fryslân holden wurdt.