Liveblog | 3 novimber 2023

112-nijs 3 novimber: Ferwûne by stekynsidint Snits, fertochte oanholden

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 3 novimber 2023, 22:13
22:13

Ferwûne by stekynsidint azc Snits, fertochte oanholden

De plysje by it azc yn Snits © CAMJO media

By in stekynsidint yn it azc yn Snits is ien persoan ferwûne rekke yn it gesicht. Dat slachtoffer is nei it sikehûs ta brocht. Neffens de plysje is it noch ûndúdlik wat foarôfgien is oan it ynsidint.

Der is in fertochte oanholden. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ynsidint en seit fierder noch neat melde te kinnen.

22:09

Auto yn it wetter

© AS Media

Oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert is jûn in auto yn it wetter bedarre. Wêrtroch't dat gebeure koe, is net dúdlik. Neffens in fotograaf dy't derby wie, is de automobilist nei it sikehûs brocht.

16:41

Trekker brekt midstwa by botsing

© ProNews

By in botsing mei in auto is yn Aldhoarne in trekker midstwa brutsen. De trekker kaam op de kop telâne. Slachtoffers wurde op dit stuit holpen troch minsken fan de helptsjinsten. De Schoterlandsewei is ôfsletten foar it ferkear.

15:50

A31 nei Harns ticht fanwege berging frachtwein

© CAMJO Media

De A31 rjochting Harns is ticht tusken Frjentsjer en Harns-Haven. Dêr wurdt no de frachtwein út de sleat helle, dy't dêr juster yn waaide. De frachtwein is laden mei krystpakketten.

Rykswettersteat ferwachtet dat de dyk om 17:00 oere hinne wer frijjûn wurde kin.

15:24

Fearboat bliuwt oan de wâl om tekoart oan brânstof

© ANP

In brânstoftekoart soarget derfoar dat de fearboat Willem Barentsz fan Doeksen kommende moandei om 09:15 oere net fan Skylge nei Harns ta farre kin. Dizze ôffeart ferfalt.

De fearboat fart op LNG. Yn ferbân mei in technysk probleem hat de boat dêr mear fan brûkt as fersjoen wie, meldt de rederij. "LNG is niet op afroep beschikbaar, dus zijn wij genoodzaakt deze afvaart te laten vervallen."

14:59

Woudagemaal giet oan, publyk is wolkom

© ANP

It Fryske wetterskip set it histoaryske Woudagemaal yn om wetter fanút Fryslân de Iselmar yn te pompen. Dat is nedich, meldt it wetterskip, omdat der yn de ôfrûne wike in protte wetter fallen is: sa'n 50 milimeter.

De kommende dagen wurdt der mear delslach ferwachte. "Omdat de spuikapasiteit nei de Lauwersmar net sa grut is, sette we de ekstra pompen fan it Woudagemaal yn", meldt it wetterskip.

It gemaal op De Lemmer wurdt sneon oanset. It wetterskip meldt dat minsken snein wolkom binne, as se it sjen wolle. Dêrfoar moatte se earst online in ticket bestelle.

It Woudagemaal is it grutste stoomgemaal fan de wrâld dat noch wurket, en it stiet sûnt 1998 op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.