Plysjeman dy't skeat op trekker 'om feilichheidsredenen' net yn rjochtseal

De plysje op de A32 nei it ynsidint © ProNews

De plysjeman dy't skeat op in trekker by in boereprotest yn Hearrenfean stiet nije wike foar de rjochter. Hy sil 'wegens veiligheidsredenen' net yn de rjochtseal wêze. Dat meldt de rjochtbank.

It ynsidint hie plak op by in protest op 5 july 2022. Boeren protestearren doe mei trekkers tsjin de stikstofplannen fan it kabinet. In 16-jierrige trekkerbestjoerder dy't de rotonde fan de A32 op It Hearrenfean opried waard besketten.

It Iepenbier Ministearje hat nei oanlieding fan it ynsidint in strafrjochtlik ûndersyk ynsteld. Op basis fan dat ûndersyk wurdt de plysjeman ferfolge.

Fideoferbining en ferfoarme stim

De plysjeman moat him no ferantwurdzje foar 'poging tot doodslag'. Hy sil fia in fideo-ferbining dielnimme oan de sitting. Yn de sittingsseal is de plysjeman sichtber op skermen. Syn stim wurdt ferfoarme.

De advokaat fan de plysjeman wol dêr foarôfgeand oan de sitting gjin taljochting op jaan.

De saak wurdt op freed 10 novimber ynhâldlik behannele yn Utrecht, troch in spesjale rjochtbank dy't him dwaande hâldt mei saken dêr't geweld by brûkt is troch opspoaringsamtners.

De rjochtbank wol op 1 desimber útspraak dwaan yn dizze saak.