Fryslân stjit noch te folle CO2 út: provinsje hellet klimaatdoel 2030 net

De útstjit fan CO2 nimt yn Fryslân net genôch ôf om it klimaatdoel fan 55 persint te heljen. Dat blykt út in analyze fan advysburo Berenschot.
Neffens de analyze hellet Fryslân yn 2030 in reduksje fan 50,5% yn fergelyk mei 1990. Lanlik sjoen giet it om in reduksje fan 51,5%, as de hjoeddeistige plannen trochgeane.
"Wij hebben voor elke gemeente de uitstoot in 1990 en 2021 met elkaar vergeleken", seit Joachim Schellekens fan Berenschot. "Zo kun je zien welke gemeentes op schema liggen en welke niet."
"Verder kijken we naar de ontwikkelingen in bepaalde sectoren, bijvoorbeeld landbouw of de industrie. Daar is vervolgens een verwachting uitgekomen voor de reductie in 2030."
Klimaatneutraal yn 2050
Om klimaatferoaring tsjin te gean hat it kabinet doelen yn de wet opnaam. Ien dêrfan is om de útstjit fan broeikasgassen tsjin te gean. Nederlân wol dat der yn 2030 55 prosint minder CO2 útsjitten wurdt as yn 1990. Dat kin bygelyks troch mear sinne- of wynenerzjy op te wekken of troch de útstjit fan yndustry yn in gemeente te beheinen.
Mei ferfolchdoelen yn 2035 (70%) en 2040 (80%) moat ús lân yn 2050 klimaatneutraal wêze. Dat betsjut dat de útstjit fan broeikasgas yn 2050 net heger wêze mei as wat der troch saneamde 'koolstofputten' opnaam wurdt. Dat binne bygelyks beammen, de boaiem en oseanen.
Yn de analyze hat Berenschot gegevens brûkt fan 2021. Allinnich Súdwest-Fryslân springt dêr posityf út mei in reduksje fan 65%.

Oer hiel Fryslân is de realisearre reduksje oant no ta 28,5%. Dat is fjouwer prosint mear as it lanlike sifer. Neffens Schellekens komt dat trochdat der yn de ôfrûne jierren bot ynset is op it duorsumer opwekken fan enerzjy yn ús provinsje.
De kommende jierren is hjir dus minder winst yn te heljen as yn de rest fan it lân, seit Schellekens, en dêrom tinkt er dat de totale reduksje yn hiel Nederlân grutter wêze sil as yn Fryslân.
Grutte ambysje op Flylân
Yn de ferwachte sifers fan 2030 falt Flylân op. Op dat eilân toant de analyze in ôfname fan 84%. "Op het eiland wordt er met grote ambitie gewerkt aan de duurzame opwek van energie", leit Schellekens út.

"Koppel je dat aan het feit dat de gemeente in verhouding vrij klein is, dan kun je grote stappen maken", seit Schellekens. "Bovendien kent het model extra punten toe voor duurzame opwek, want daardoor hoeft er elders geen energie te worden opgewekt door middel van gas- en kolencentrales. Die 'vrijgekomen energie' wordt dan bij de reductie van de betreffende gemeente opgeteld."
Efterbliuwers
Efterbliuwers yn 2030 binne nei ferwachting De Fryske Marren en Weststellingwerf. Sy bliuwe beiden krekt ûnder de 40% hingjen. "Het grootste gedeelte van de uitstoot in die gemeenten komt van de landbouw", seit Schellekens. "In die sector treedt de komende jaren de kleinste vermindering van uitstoot op ten opzichte van andere sectoren."
De sifers foar 2030 binne in ferwachting op basis fan hjoeddeistich belied. Der is dus noch romte om in stapke hurder te setten yn Fryslân.