Kooi Camerabewaking grutste kandidaat as nammejouwer fan nije Cambuurstadion

De kâns is grut dat Kooi Camerabewaking de nammejouwer wurdt fan it nije Cambuurstadion. Dat befêstiget Pieter Kooi, de oprjochter fan it bedriuw.
Hielendal definityf is it lykwols noch net. Der moatte de kommende wiken noch in oantal petearen fierd wurde. Mar, Kooi Camerabewaking hat wol de bêste papieren om de kommende tsien jier harren namme oan it nije Cambuurstadion te ferbinen. Kooi hopet dat der oer in moanne dúdlikheid is oer oft it trochgiet.
Algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur befêstiget it ferhaal, mar jout wol oan dat de kûgel noch net hielendal troch de tsjerke is.
De Ljouwerters wolle de namme fan harren nije ûnderkommen beskikber stelle oan in bedriuw, sadat de klup dêroan fertsjinje kin. Neffens geroften giet it om in bedrach tusken de ien en oardel miljoen euro foar in perioade fan tsien jier.
Wat de krekte namme wurde sil, is noch net dúdlik.
Folgjend seizoen
It is de bedoeling dat Cambuur it stadion folgjend seizoen yn de simmer yn gebrûk nimme kin. Op it stuit wurdt it stadion kasko ôfmakke, dêrnei is de klup sels ferantwurdlik foar de ôfbou en de ynrjochting. Om't de boukosten behoarlik tanaam binne, besiket de klup fia eksterne lienings oan ekstra jild te kommen.