Noardlike provinsjes wolle dat Ryk gau spoar by Meppel oanpakt

© ANP

It Ryk moat sa gau mooglik it knipepunt op it spoar by Meppel oanpakke. It spoar by Meppel leit der yn trochsneed alle wiken sa'n 9 oeren út en dan is der gjin treinferkear mooglik fan de trije noardlike provinsjes nei de rest fan Nederlân en oarsom.

Reizgers moatte dan mei de bus fierder en binne samar in oere langer ûnderweis. Bestjoerders fan de trije noardlike provinsjes fine dat net akseptabel. De bestjoerders lieten dat tongersdei witte oan steatssekretaris Vivianne Heijnen op it Deltaplan-kongres yn Drachten.

Strategysk momint

It Deltaplan foarsjocht yn de oanlis fan twa nije spoarlinen: de Lelyline fan Lelystêd oer Drachten nei Grins en de Nedersaksenlijn fan Grins oer Emmen nei Enschede. Mar it plan foarsjocht ek yn it ferbetterjen fan it besteande spoar en dat kin seker by Meppel net lang mear wachtsje, sjocht ek steatssekretaris Heijnen. "Het is bekend dat daar een knelpunt zit, maar het is ook altijd zoeken naar de middelen en naar de capaciteit bij ProRail om de problemen aan te pakken."

De besite fan de steatssekretaris kaam op in strategysk momint, want sy hat nije wike it jierlikse bestjoerlik oerlis oer it Meerjarenprogramma Infrastructuur (MIRT) mei de noardlike bestjoerders. De steatssekretaris hopet begjin takom jier mear sizze te kinnen oer de oanpak fan it knipepunt by Meppel.

Soarchfâldich yn it lânskip

It kongres fan de Lelyline-organisaasje wie bedoeld om bestjoerders fan de noardlike provinsjes en Flevolân fierder fan gedachten wikselje te litten oer de betsjutting fan de Lelyline en Nedersaksenlijn. Deputearre Matthijs de Vries fan Fryslân ûnderstreke de needsaak om de nije spoarline soarchfâldich yn it lânskip yn te passen.

Heijnen is dat mei him iens. "Dat had in het begin misschien wat minder aandacht. We moeten met z'n allen puzzelen, maar het is wel belangrijk dat de spoorlijn goed in het landschap inpasbaar is."

Permaninte lobby

Heijnen drukte de noardlike bestjoerders op it hert om foaral troch de gean mei de permaninte lobby foar de Lelyline. De steatssekretaris moast earder in pear miljard besunigje op in takomstich projekt op it mêd fan ynfrastruktuer en keas der doe foar om dat jild wei te heljen by de ferlenging fan de noard-súdline by Amsterdam.

"Ik weet niet of een andere bestuurder dezelfde keuze zou hebben gemaakt", sei se yn in folle Lawei.