Henk de Jong sjocht al út nei kommende bekerstriid: "Hooplik tsjin Hearrenfean"

Henk de Jong © Orange Pictures

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur wurdt hieltyd entûsjaster fan it spul fan syn ploech. Nei de bekeroerwinning op MVV (4-1) sjocht De Jong stikem al foarút op de folgjende bekerstriid. "Ik hoopje op in moaie thúswedstriid tsjin Hearrenfean."

Yn de kompetysje stiet de Fryske derby dit jier net op it programma. Cambuur degradearre ferline jier nammentlik út de Earedivyzje. Dan mar yn de beker, fynt De Jong. "Dat fine de Feansters ek moai."

Tsjin de stoarm yn

De trainer hat genoaten fan de earste helte fan syn ploech tsjin MVV. "We spilen tsjin de stoarm yn en we fuotballen sa goed. De middenfjilders kamen frij. Dêr hawwe we juster op de training al goed mei dwaande west."

Troch stoarm Ciarán wie it net hiel maklik om te fuotbaljen. By sokke omstannichheden kieze ploegen der faak foar om yn de earste helte mei de wyn yn de rêch te fuotbaljen, om dan in sa grut mooglike marzje del te setten. Cambuur die dat net.

"Se seinen: we spylje de twadde helte nei noard. Dat hâlde we deryn. Al is it wynkrêft 12, dan dogge we it noch", fertelt De Jong.

Trainer Henk de Jong hat genoaten fan syn ploech

"We skrokken wol efkes doe't we 1-0 efter kamen, mar dêrnei hawwe we it echt hiel goed dien. Yn de twadde helte wie it krekt in tikje minder, dat is hiel normaal", fynt De Jong.

De trainer hopet dat Cambuur de goede line trochsette kin. "We moatte it wedstriid foar wedstriid besjen. De lêste trije hawwe we net ferlern. Moandei sjogge we fierder yn Oss."

It giet fluch mei Iwan Henstra

It wie in moaie wike foar Iwan Henstra. Snein debutearre hy tsjin FC Grins en no mocht er wer ynfalle. "It giet hiel hurd. Ferline seizoen spile ik noch by in amateurklup en no stean ik hjir al."

Henstra begûn by 't Fean '58 yn syn wenplak Surhústerfean. "Dêrnei haw ik in oantal jier by Grins fuotballe. Dochs bin ik wer nei It Fean gien en twa jier letter nei Cambuur."

By Grins moast Henstra fuort. Mar by It Fean spile hy as 15-jierrige al yn it earste alvetal. "It is fansels in oar nivo en ek wol even wenne mei de grutte jonges. Mar dat is ek wol moai, dêr learst wer fan."

Iwan Henstra is grutsk dat er yn it earste fan Cambuur spylje mei

Nei't er fan it simmer in pear kear meitraind hie by Cambuur, mocht er by de Ljouwerter klup bliuwe. In pear moannen letter spilet er al mei yn it earste alvetal. "Ik hie nea tocht dat it sa gau gean soe, mar ik dreamde der fansels fan om hjir yn it stadion te fuotbaljen. Gelokkich is dy dream útkaam."

It makket Henstra net út hokker team der út de koker komt by de lotting foar de twadde bekerronde kommende sneon. "We sille sjen hokker team it wurdt en dan stride we der wer foar om in ronde troch te gean. De derby tsjin Hearrenfean soe fansels hiel moai wêze, mar ik sjoch it wol."