Cambuur pleatst him mei oertsjûgjende oerwinning foar twadde ronde bekertoernoai

Michael Breij út de skroeven nei syn doelpunt © Dijks Media

Cambuur is troch nei de twadde ronde fan it nasjonale bekertoernoai. De Ljouwerters wûnen yn eigen hûs mei romme sifers fan kompetysjegenoat MVV: 4-1

Nei in matich earste kertier, wêryn't beide ploegen lêst hiene fan de hurde wyn, barde der ynienen in hiel soad. Nei in lytse 20 minuten spyljen waard it 0-1 foar MVV troch in goal fan bûtenspiler Rayan Buifrahi.

Hy sette sels in moaie oanfal op, wêrby't Koen Kostons de bal strak foarsette en Buifrahi de bal behearske achter Cambuurdoelman Yannick van Osch skeat.

Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Caschili, Tol, Bergsma, Sylla; Van Kaam, Breij, De Jong; Balk, Uldrikis en Smit.

Goed fiif minuten nei de goal fan MVV wie it alwer gelyk. Nei in moaie aksje spile Remco Balk de bal troch it midden nei Sekou Sylla. De linksachter lei de bal goed klear en skeat fan tichtby raak; 1-1.

Noch mar in minút nei de lykmakker krige Cambuur in penalty. Rjochtsachter Tim Zeegers fan MVV makke in oertrêding op Milan Smit. De jonge oanfaller fan Cambuur gong sels achter de bal stean en skeat troch it midden raak, wêrmei't Cambuur de efterstân binnen in pear minuten al omdraaid hie nei in foarsprong.

Smit leit oan foar de 2-1 © Dijks Media

Nei de 2-1 gong de rem der net op by Cambuur. Mei inkelde lytse kânsen waarden sy fuortendaliks wer gefaarlik. Mar yn minút 40 folge it hichtepunt fan de wedstriid: Michael Breij spile twa man út en besleat om fan 25 meter ôf op goal te sjitten. Hy liet MVV-doelman Thijs Lambrix kânsleas; 3-1.

De Ljouwerters sette troch

Krekt foar it skoft waard it sels noch moaier foar de Ljouwerters. In hoekskop fan Breij bedarre tsjin it knibbel fan Roberts Uldrikis, dy't sa foar it earst dit seizoen in goal makke. Cambuur gie mei in romme 4-1 foarsprong it skoft yn.

Cambuur fiert wer in doelpunt © Dijks Media

Krekt nei it skoft wie de earste kâns foar de besikers út Maastricht. It skot fan Kostons bedarre op de peal. It soe lykwols gjin oanset mear wêze foar in comeback fan de Limboargers.

Ek Cambuur kreëarre net in soad mear yn de twadde helte. It grutste gefaar fan de Ljouwerters kaam fan Marco Tol. Fan om de middelline hinne makke de ferdigener fan Cambuur gebrûk fan de hurde wyn. Syn skot bedarre lykwols krekt oer de goal.

In debutant by Cambuur

Yn 'e rin fan de wedstriid besleat trainer Henk de Jong om in pear oare spilers yn te sitten. Ien dêrfan wie Tyrique Mercera. Hy makke dêrmei syn debút foar Cambuur. De 19-jierrige ferdigener komt út de jeugdoplieding fan de klup en mocht in kertier meispylje.

Skoard waard der net mear yn de slotfaze en dus einige de wedstriid yn 4-1 foar Cambuur. De Ljouwerters bekerje fierder.