Net allinne fytsers moatte om it ljocht tinke: "Der binne te folle ûngelokken"

© Shutterstock.com (Paparacy)

Lang net alle auto's ride mei goede ferljochting en de kennis oer it gebrûk kin ek better. Dêrom binne provinsje, ANWB en de Fryske autobrâns in kampanje begûn mei de tsjustere dagen foar de doar.

De kampanje begûn tongersdei op it Cambuurplein yn Ljouwert. It doel is om de automobilist te ynformearjen oer de goede ferljochting.

"Wy wolle mear ferkearsfeiligens", seit deputearre Matthijs de Vries, dy't ek foarsitter is fan it Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân (ROF).

"Der binne te folle ûngelokken. It is no hjerstwaar en moarns is it tsjuster. Minsken komme del yn de auto mei stikkene lampen. It is net goed sichtber en dan krijst earder in ûngelok mei alle gefolgen."

Kampanje moat automobilisten bewust meitsje fan nut fan goede lampen

De deputearre en in oantal meiwurkers diele flyers út en teste de kennis fan automobilisten. Dat dogge sy oan de hân fan guon fragen, lykas: hoefolle persint skeelt it as in autolamp smoarch is?

It antwurd (dat net eltsenien goed jaan kin) is: tachtich persint.

Mei kampanjebuorden by in auto mei stikkene lampe © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De Wegenwacht makket by de start fergees stikkene autolampen. Jos Kartens is drok dwaande om in foarlampe fan in Fiat Panda te meitsjen. Hy komt it geregeld tsjin dat autolampen net doge.

"Foaral yn fakânsjetiid. As it fytsrekje der wer efkes opsitten hat. Of op sneon: even nei it stoart mei it karke fan de buorman. Dan knalle de sekeringen derút, want it karke stiet altyd bûten en dan sit der wolris wat wetter yn. En we sjogge it wol dat minsken mei deiljochtferljochting ride sûnder de achterljochten."

De start fan de kampanje op it Cambuurplein © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De ferljochting op automatysk sette is ek net altyd foldwaande. "As je it reinwetter yn ride en de auto fynt sels dat it net tsjuster genôch is, dan springe de ljochten net oan."

Mar yn de rein ride sûnder ljochten is net winsklik, fynt Kartens. Hy riedt oan om net te besunigjen op de pitten yn de lampen. "Set der gjin goedkeape rommel yn. Dêr krije je spyt fan of de oare automobilisten krije der lêst fan."

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De kampanje 'Met Goed Licht Zie Je Meer' bestiet fierder út buorden mei biedwurden, reklames op bussen, online advertinsjes, in poster en flyers dy't ferspraat wurde fia de autobrâns en spotsjes by Omrop Fryslân.